Liveblog | 8 desimber 2020

Coronanijs 8 desimber: 'Mooglik strangere maatregels foar krystdagen' | Topsporters meie wer

Dit is it liveblog fan tiisdei 8 desimber mei it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Lêst bywurke: 9 desimber 2020, 06:20
tiisdei 8 desimber 2020
23:09

Ein fan dit liveblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dit liveblog fan tiisdei 8 desimber. Tank foar it folgjen. Woansdei is der wer in nij liveblog.
22:29

Goed nijs foar Aris

21:52

Oprop Fryske boargemasters: "Folgje de coronamaatregels"

Ferskate Fryske boargemasters roppe harren ynwenners op sosjale media op om dochs de coronamaatregels folgje te bliuwen. "Ons gedrag maakt het verschil," skriuwt boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean. Boargemasters Ineke van Gent fan Skiermûntseach en boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel slute harre dêr by oan.
21:40

Kabinet lûkt 58,5 miljoen út tsjin iensumens jongerein

It kabinet komt mei 58,5 miljoen euro om iensumens by jongerein en jongfolwoeksenen yn de coronakrisis tsjin te gean. Dat makket it ministearje fan Folkssûnens bekend nei de parsekonferinsje oer corona, wêryn't premier Mark Rutte al sei dat hjir jild foar komme soe.
Neffens it kabinet kinne jongeren no folle minder as earder, wylst se sels gewoanwei net behearre ta risikogroepen dy't mear beskerming nedich hawwe. Iensumens, eangst en depresjes nimme dêrtroch ta ûnder de jongerein.
Fan it jild kinne gemeenten aktiviteiten organisearje, lykas sporttoernoaien, kreative workshops of online game-sesjes. Dêrneist is der romte foar persoanlike coaching en it fersterkjen fan mentale striidberens. Alles moat wol binnen de hjoeddeiske coronamaatregels passe.
Gemeenten "verwelkomen" kreative ideeën fan jongerein sels. De aktiviteiten kinne al yn de krystfakânsje starte, sa seit it ministearje.
It pakket jildt foar elkenien oant 27 jier. Spesifyk is der omtinken foar kwetsbere jongerein, bygelyks yn efterstânswiken.
21:34

"Tink ek oan mantelsoargers by faksinaasje"

Aldereinorganisaasje KBO-PCOB ropt it kabinet op om by de faksinaasje tsjin it coronafirus ek te tinken oan mantelsoargers. Direkteur Marcel Sturkenboom hat oanjûn dat mantelsoargers 'in een zelfde soort schuitje' sitte as soarchmeiwurkers. "Wil je goed voor iemand kunnen zorgen, dan moet je ook goed voor de verzorgende zorgen," sa seit Sturkenboom.
21:00

Het Theehuis yn Grou fielt him it 'pispaaltje' as hoareka

Eigener Timo Slump fan Het Theehuis yn Grou fynt ek nei de lêste parsekonferinsje fan it kabinet dat de hoareka wer it 'pispaaltje' is. "It firus is der, dat witte wy. Dat moat de wrâld ek út. Mar der moat ek in takomst wêze, der moat belied komme. Rutte sei ek: helje lokaal iten by de restaurants. Dat is miskien in doekje tsjin it blieden, mar doch it asjebleaft. Want in hiel soad saken steane op omfallen."
© Omrop Fryslân