Coronanijs 8 desimber: 'Mooglik strangere maatregels foar krystdagen' | Topsporters meie wer

08 des 2020 - 23:12
23:09
Ein fan dit liveblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dit liveblog fan tiisdei 8 desimber. Tank foar it folgjen. Woansdei is der wer in nij liveblog.

21:52
Oprop Fryske boargemasters: "Folgje de coronamaatregels"

Ferskate Fryske boargemasters roppe harren ynwenners op sosjale media op om dochs de coronamaatregels folgje te bliuwen. "Ons gedrag maakt het verschil," skriuwt boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean. Boargemasters Ineke van Gent fan Skiermûntseach en boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel slute harre dêr by oan.

21:40
Kabinet lûkt 58,5 miljoen út tsjin iensumens jongerein

It kabinet komt mei 58,5 miljoen euro om iensumens by jongerein en jongfolwoeksenen yn de coronakrisis tsjin te gean. Dat makket it ministearje fan Folkssûnens bekend nei de parsekonferinsje oer corona, wêryn't premier Mark Rutte al sei dat hjir jild foar komme soe.

Neffens it kabinet kinne jongeren no folle minder as earder, wylst se sels gewoanwei net behearre ta risikogroepen dy't mear beskerming nedich hawwe. Iensumens, eangst en depresjes nimme dêrtroch ta ûnder de jongerein.

Fan it jild kinne gemeenten aktiviteiten organisearje, lykas sporttoernoaien, kreative workshops of online game-sesjes. Dêrneist is der romte foar persoanlike coaching en it fersterkjen fan mentale striidberens. Alles moat wol binnen de hjoeddeiske coronamaatregels passe.

Gemeenten "verwelkomen" kreative ideeën fan jongerein sels. De aktiviteiten kinne al yn de krystfakânsje starte, sa seit it ministearje.

It pakket jildt foar elkenien oant 27 jier. Spesifyk is der omtinken foar kwetsbere jongerein, bygelyks yn efterstânswiken.

21:34
"Tink ek oan mantelsoargers by faksinaasje"

Aldereinorganisaasje KBO-PCOB ropt it kabinet op om by de faksinaasje tsjin it coronafirus ek te tinken oan mantelsoargers. Direkteur Marcel Sturkenboom hat oanjûn dat mantelsoargers 'in een zelfde soort schuitje' sitte as soarchmeiwurkers. "Wil je goed voor iemand kunnen zorgen, dan moet je ook goed voor de verzorgende zorgen," sa seit Sturkenboom.

21:00
Het Theehuis yn Grou fielt him it 'pispaaltje' as hoareka

Eigener Timo Slump fan Het Theehuis yn Grou fynt ek nei de lêste parsekonferinsje fan it kabinet dat de hoareka wer it 'pispaaltje' is. "It firus is der, dat witte wy. Dat moat de wrâld ek út. Mar der moat ek in takomst wêze, der moat belied komme. Rutte sei ek: helje lokaal iten by de restaurants. Dat is miskien in doekje tsjin it blieden, mar doch it asjebleaft. Want in hiel soad saken steane op omfallen."

Foto: Omrop Fryslân
20:52
GGD's beriede harren op priklokaasjes

GGD's hawwe ferskate priklokaasjes foar de faksinaasjes fan it soarchpersoniel op it each, lit in wurdfierster fan koepelorganisaasjes GGD GHOR Nederlân tiisdeitejûn oan it ANP witte. Earder op de jûn waard bekend dat GGD's sa'n tritich lokaasjes ynrjochtsje sille om de earste groepen soarchpersoniel te intsjen. Ek hjoeddeiske coronatestlokaasjes, lykas XL-testhallen, komme mooglik yn oanmerking as priklokaasjes, sa seit de wurdfierster.

Oft GGD-meiwurkers ek helpe sille mei it faksinearjen is noch ûndúdlik. "De verantwoordelijkheid ligt primair bij de arbodiensten, bedrijfsartsen en werkgevers van de zorgmedewerkers", sa seit de wurdfierster fan GGD GHOR Nederlân. "Als het nodig is, kunnen wij als vangnet dienen." Oft de GGD's al frege binne om by te springen by it prikken, koe se tiisdeitejûn noch net sizze.

20:44
Nederlân krijt minder faksins fan Pfizer yn jannewaris

Nederlân krijt nei ferwachting yn de earste wike fan jannewaris 507.000 doases fan it faksin fan Pfizer. Dat is folle minder as de ien miljoen doases fan it faksin fan Pfizer. Dat is folle minder as de ien miljoen doases wêr't it kabinet earder fanút gien wie.

Dat makke minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens bekend op de parsekonferinsje tiisdeitejûn. It kabinet moat "wendbaar zijn in de uitvoering" fan de faksinaasje, sei hy. "Zo vroeg mogelijk in januari" wurdt dan begûn mei it faksinearjen.

As earste wurde de soarchmeiwurkers fan ferpleechhuzen yninte. Dêrnei folgje de meiwurkers út de handikeptensoarch en thússoarch. Hjirfoar wurde likernôch tritich sintrale priklokaasjes ynrjochte. Dy giet de GGD ferspraat oer it lân ynrjochtsje.

Der wurdt sa gau as mooglik begûn mei it yninten fan bewenners fan ferpleechhuzen en ynstellingen foar minsken mei in ferstanlike beheining. Sy krije in oar faksin, nammentlik fan it bedriuw Moderna.

20:35
Talma Hoeve Feanwâlden set troch mei coronaregels, mar hat wol krystprogramma

By soarchsintrum Talma Hoeve yn Feanwâlden is der nochteren nei de parsekonferinsje fan it kabinet oer it coronafirus sjoen, fertelt manager Sytze Miedema. "Sa't ien fan de bewenners it hiel typearjend sei: it is it ferhaal dat wy al folle faker heard hawwe. Der is neat nijs ûnder de sinne. Wy moatte trochgean mei de maatregelen sa't dy der no steane."

Foto: Omrop Fryslân
20:24
Sybrand Buma is teloarsteld: "De werklikheid lit gjin romte foar ferromming"

Foarsitter Sybrand Buma fan Veiligheidsregio Fryslân rint tsjin de hurde werklikheid oan, seit hy nei de parsekonferinsje fan it kabinet oer it coronafirus. "De toon van de premier en de minister geven wel aan hoe de situatie is: gewoon echt teleurstellend. De hoop was dat we nu naar iets meer opening konden van alles, maar de werkelijkheid is dat het niet zo is."

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)