Eigener Feanster kafee De Skoffel fiert aksje: 'Kom mei hâldfêst foar de hoarekaûndernimmers'

08 des 2020 - 06:12

Ferskate hoarekagelegenheden yn Fryslân diene moandeitejûn mei oan de lanlike hoarekaprotestaksje #BlackMonday. Sa ek kafee De Skoffel op It Hearrenfean. Dêr giene om 19.00 oere de ljochten oan, om it regear dúdlik te meitsjen dat se it net iens binne mei de hjoeddeiske coronamaatregels.

Foto: Café De Skoffel

Neffens eigener Geert Semplonius ferkeart in grut part fan de hoarekasaken yn swier waar, benammen no't it hast wis is dat der tiisdeitejûn op de parsekonferinsje fan it regear gjin ferrommingen foar de hoareka oankundige wurde.

Semplonius tinkt dat in grut part fan de saken it troch dizze nije klap net rêde sil. "Ik wit wol út ûnderfining dat de measte hoarekaûndernimmers gjin miljonêr binne, dus ik tink dat de measten it wetter oant de lippen stiet, oft dat se miskien al wol fersûpt binne", seit Semplonius.

Dat de hoareka it dreech hat, witte we al sûnt it begjin fan de coronakrisis, mar oant no ta binne der noch net in soad saken omfalle. Neffens Semplonius moat de echte klap foar de bedriuwen lykwols noch komme. "Je hawwe in hiel soad ûndernimmers dy't de belestingen foarútskood hawwe, of ôfspraken makke hawwe mei de hierbaas. Mar op in gegeven momint moat dat wol wer werombetelle wurde", seit de ûndernimmer.

Parsekonferinsje

Premier Rutte en coronaminister De Jonge jouwe tiisdeitejûn wer in parsekonferinsje. Semplonius rekkenet der net op dat syn kroech ynkoarten wer iepen kin, mar hopet dat it regear de hoareka wol wat te bieden hat.

"Ik hoopje dat it kabinet no ris in kear mei in goede line komt oer wannear't se tinke dat we iepen kinne. As se no sizze: jimme kinne pas 1 april iepen, dan witte wy wat ús te dwaan stiet. As se dan mei in goed stipepakket komme, dan is dat miskien best wol helber. Mar se moatte wol mei wat komme dêr't we hâldfêst oan hawwe. Dan kinne wy miskien in baan sykje en kinne de kroegen yn de wintersliep. Dan hawwe we yn elk gefal in foarútsjoch op wat", sa seit Semplonius.

Krystdagen

De kâns is yn alle gefallen grut dat de hoarekasaken mei de krystdagen en âld en nij, tradisjoneel de bêste perioade foar de hoareka, ticht binne. "Ik tink dat ik mei de frou en bern thús sit. Ik sit al hast 30 jier yn de hoareka en ik tink dat dit de earste kear is dat ik mei de krystdagen en âld en nij thús bin", seit Semplonius.

In soad wille hellet hy dêr lykwols net út. "Alle dagen begjinne yntusken op inoar te lykjen, dus ik ha der net sa'n soad plezier yn."

Ferslachjouwer Lars de Leeuw prate mei Geert Semplonius

(Advertinsje)
(Advertinsje)