Weststellingwerf siket dupearden taslagge-affêre Belestingtsjinst

07 des 2020 - 22:51

Yn de gemeente Weststellingwerf binne tsien húshâldens troffen troch de saneamde taslagge-affêre. Dat meldt wethâlder Mariska Rikkers de gemeenteried op fragen fan de fraksje fan SDW. De wethâlder hat gjin idee wa't it binne en besiket yn kontakt te kommen mei se.

Foto: Google Street View

De Belestingtsjinst hat by tûzenen âlden yn Nederlân de berne-opfangtaslach ûnterjochte stopset. Se waarden as fraudeur bestimpele en kamen yn grutte finansjele problemen.

Om't de Belestingtsjinst fanwege de wet op de privacy de nammen fan de dupearden net bekend meitsje mei, kin wethâlder Rikkers dizze minsken net persoanlik oansprekke om help te bieden. Se besiket no fia de publisiteit om dochs yn kontakt te kommen mei de tsien famyljes. "We willen hen graag helpen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)