Ryk jout jild foar de oanpak fan gefaarlike ferkearssituaasjes yn Fryslân

07 des 2020 - 22:10

Provinsje Fryslân en in tal Fryske gemeenten krije jild fan it Ryk om gefaarlike krúspunten, fytspaden, diken en rotondes feiliger te meitsjen. It giet bygelyks om de oanlis fan drompels of om it smeller meitsjen fan diken. De oerheden ha der subsydzje foar oanfrege, mar se moatte sels ek in selde bedrach bylizze.

Foto: Harry Blokzijl

De gemeente Smellingerlân hat jild krigen foar trije projekten. Sa komt der in sebrapaad op in gefaarlik oerstekplak op de Gauke Boelensstrjitte en der komme drompels yn De Kletten, dêr't fytsers faak lêst fan it autoferkear ha. Boppedat krijt de Burgemeester Wuitewei skeane stoeprannen, om foar te kommen dat fytsers falle.

Mei elkoar giet it om 75.000 euro. De ferwachting is dat yn 2021 úteinset wurde kin mei it sebrapaad op de Gauke Boelensstrjitte en de ferkearsdrompels op De Kletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)