Inisjatyf op Flylân moat wer romte meitsje foar in bistedokter

07 des 2020 - 20:50

Der moat op Flylân in goeie romte komme foar in bistedokter, dat is it idee fan ien fan de Flylanner húsdokters. De spoedsoarch foar bisten falt no ûnder de húsdokterspraktyk. It inisjatyf foar in nije behannelromte hat fan it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje 10.000 euro stipe krigen.

Foto: Shutterstock.com (Gerda Beekers)

Oant no ta kaam de needopfang as it om bistesoarch giet by de húsdokters terjochte. Mar dêr moat eins feroaring yn komme: de romte yn de húsdokterpraktyk moast eltse kear desynfesktearre wurde om't der ek reguliere soarch yn de romte is.

Ien fan de húsdokters fan Flylân, Ferry Wolfswinkel, is foar himsels dwaande om in loads te bouwen. Sadwaande kaam de dokter op it idee om dêr ek in romte yn frij te meitsjen foar in bistedokterspraktyk. Yn gearspraak mei de gemeente hat er dêrom it inisjatyf opset foar in behannel-, wacht- en karantêneromte. Troch de gemeente en Steatsboskbehear is der grûn tawiisd. Yn totaal moat it beskikber krijen fan de romte 25.000 euro kostje.

Plak foar nije bistedokter

De húsdokter hopet dat in nije wurkromte in goed plak biede kin oan de opfolger fan de bistedokter dy't op dit stuit ophâldt. De âlde bistedokter brûkte in lokaasje dy't beskikber steld waard troch de gemeente. In nije bistedokter soe bygelyks ek ien kear yn de moanne praktisearje kinne, sa't der bistesoarch foar eilânbewenners en toeristen beskikber bliuwt. Om't it de leefberens op Flylân ta goede komt is de stipe fan it Iepen Mienskipsfûns tasein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)