Gemeente mjit ferkear yn Wolvegea om drokke dyk feiliger te meitsjen

De gemeente Weststellingwerf telt de kommende dagen hoefolle auto's oft der oer de Lycklamawei yn Wolvegea ride. Dat is in drokke dyk en de gemeente wol dy dyk feiliger meitsje.
De Lycklamawei yn Wolvegea © Google Street View
Earder binne der al maatregels naam om de Lycklamawei rêstiger en feiliger te meitsjen. Sa binne der banen kaam dêr't fytsters wachtsje kinne by de spoarwei-oergong en leit der in bypass by de rotonde. Boppedat komt der ynkoarten in ynrydferbod foar frachtweinen.
Mar de gemeente wol ek sjen oft de dyk oars ynrjochte wurde kin. Dêrfoar koene bewenners oan de dyk fan it simmer al ideeën en winsken trochjaan. Dy wurde meinaam yn in plan. Foar dat plan binne ek sifers nedich en dêrom mjit de gemeente mei yngong fan woansdei in wike lang op tolve ferskate lokaasjes hoefolle auto's oft der delkomme en ek hoe hurd oft se ride.
Alles wurdt meinaam yn it plan dat begjin 2021 makke wurdt. Oft dat plan ek trochgiet, hinget ôf fan de kosten. Dêr giet de gemeenteried oer.