Grutte krystbeam Aldeberkeap fernield: "Bytsje sneu, alles lei oer de dyk"

Aldjiersferiening De Geitefok yn Aldeberkeap docht alle jierren alle war om in moaie krystbeam op te tugen. De beam fan dit jier wie krekt klear, doe't ûnbekenden fan it wykein nachts it lampkesnoer trochsnien hiene en ek de ballen leinen ferspraat oer de dyk.
De krystbeam sûnder ljocht: in sneu gesicht © Omrop Fryslân, Lars de Leeuw
"We hiene de beam saterdeimiddei moai opset", fertelt Fedde de Jong. "Alles moai, de ljochtjes brânden moai. Mar tafallich kamen we hjir nachts wer del en doe brânde er net mear. Alles lei oer de dyk."
De lampkes binne yn Makkingea weromfûn. Op Facebook is in oprop dien foar tsjûgen. As de fandalen har net foar woansdei 18.00 oere melde, wurde kamerabylden fan de fernielerij publisearre.
Mar de beam moat ek wer optúgd wurde. "Want no is it in bytsje sneu. We moatte sjen dat we 'm wer opbouwe mei deselden dy't it fernield ha." Dat soe De Jong in moaie oplossing fine, as straf foar de dieders. "En oars moatte se ús oar jier mar helpe."
It wie noch dreech genôch om de beam yn Aldeberkeap te krijen