Plan foar voucherbank is 'hoopfol sinjaal' foar reisburo's

07 des 2020 - 18:20

Reisburo's en touroperators ha it swier yn dizze coronatiid, mar der liket wat hoop te wêzen. It regear soe dwaande wêze mei plannen foar in 'voucherbank'. Fia sa'n bank kinne reisorganisaasjes jild liene om toeristen, dêr't de fakânsje fan annulearre is, har vouchers werom te beteljen.

Fakânsje - Foto: Shutterstock.com

"Het is een hoopvol signaal voor de branche", seit Erik van der Waard fan Reisbureau Internoord yn Ljouwert. "Mensen hebben geld aanbetaald voor hun reis en kunnen daar een voucher voor krijgen, maar als we dat moeten restitueren, blijft het een probleem, wamt er is geen cashflow."

Der is noch net folle dúdlik oer de regeling, foar wa't it jildt en wat de betingsten binne. Foar syn eigen bedriuw is er noch wol optimistysk. "We zijn als reisbureau steeds open geweest, maar er is geen euro omzet binnengekomen. Gelukkig hebben wij een gezond familiebedrijf met nog wel vet op de botten."

It lestige is dat ûnwis is hoelang't de krisis duorret. "Alles staat en valt met de vaccinaties en als de grenzen weer opengaan. We hebben nu geen stip op de horizon en dat is lastig."

Erik van der Waard fan Reisburo Internoord yn Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)