Piet Faber fan LTO Noard oer fûgelgryp: "It wurdt in lange winter foar de plomfeesektor"

It wurdt in lange winter foar bedriuwen yn de plomfeesektor. Dat seit Piet Faber fan de fakgroep plomfeehâlderij fan LTO Noard. By in pikebedriuw yn Sint-Anne is moandei fûgelgryp fêststeld en alle 21.000 piken op it bedriuw wurde romme. It is net it earste gefal dit fûgelgrypseizoen en it sil ek grif net it lêste wêze, tinkt Faber.
Hinnen © Shutterstock.com
Neffens Faber is de hikke fan 'e daam. "Dat wol net sizze dat wy der no hielendal mei oerspield wurde, mar we sjogge dit jier yn dit fûgelgrypseizoen in hiel soad útbraken. Ofrûne sneon hiene we noch ien yn Maasland, yn Súd-Hollân."
Yn Fryslân waarden der sa'n twa wiken lyn al 90.000 piken romme by in bedriuw yn Wytmarsum, ek fanwege de fûgelgryp. En flak oer de provinsjegrins mei Grinslân, yn Lutjegast, binne yn novimber 48.000 hinnen ôfmakke. Ek binne der hûnderten deade en sike wylde fûgels fûn de lêste tiid. "Wat opfalt, is dat it allegear yn in strook lâns de Nederlânske kust is, dêr't dy wylde trekfûgels sitte", seit Faber.

"In firus hat gjin fleugeltsjes"

"Ut de wittenskip is wol wis dat dy firussen út Sibearië wei komme en mei de trekfûgels hjirhinne komme. Hoe't dat dan presys yn dy stâlen komt, is dan wer krekt net bekend. Sels tink ik dat mist, damp waar en motrein in hiel grutte rol spylje", fertelt Faber. "In firus hat gjin fleugeltsjes, it kin net fleane. Mar as der fleantúchjes foarby komme, kin it der wol op springe."
Faber tinkt dat it it hiele grypseizoen noch spannend bliuwt foar de plomfeehâlders, salang't der noch in soad deade fûgels yn de natuer binne. "It wurdt in lange winter. En de omstannichheden binne noch net sa dat it oars wurdt."
Piet Faber fan de fakgroep plomfeehâlderij fan LTO Noard