Kalinder mei froulju yn linzjery as oade oan de frou

Alle froulju binne oars: de ien hat grutte boarsten, de oar krekt wat minder. Neffens Siegrid Canrinus fan in Ljouwerter linzjerywinkel is elk lichem unyk. Alle froulju meie bliid wêze mei it liif dat se hawwe. En om dat nochris dúdlik te meitsjen, hat se in kalinder makke: as oade oan de frou.
© Heleen Haijtema
"It binne 12 foto's, by elke moanne ien, fan froulju yn alle soarten, maten en kleuren", fertelt Siegrid Canrinus. "En de foto's binne net bewurke." Se steane derop yn linzjery út har winkel.
Se hat bewust net keazen foar wat faak sjoen wurdt as it perfekte plaatsje. "Ik fyn it belangryk dat froulju witte dat it goed is hoe't se derútsjogge. Dat draach ik ek út yn myn winkel. Se meie der wêze sa't se binne." Se fernimt dat in soad froulju net in posityf byld fan har eigen lichem hawwe.
De foto's binne makke troch Heleen Haijtema. Net alle froulju wienen model. "Ik hie in oprop pleatst en dêr kamen wol 80 reaksjes op en fia fia ha we noch froulju frege." De reaksjes op de kalinder binne entûsjast. De kalinder is yn har winkel te keap.
Siegrid Canrinus