Vitens komt mei duorsumheidsstrategy: better en suniger mei wetter omgean

Wetterbesparjende dûskoppen, kranen en húskes: we moatte der allegear oan leauwe as it oan wetterbedriuw Vitens leit. En dat is net sûnder reden, want as we gewoan trochgean mei it brûken fan wetter sa't we dat no dogge, dan is der oer in jier as twintich fierstente min wetter en moat elkenien der folle mear foar betelje. Dêrom komt Vitens mei in plan om yn 2030 folslein miljeufreonlik te wurkjen. En wichtiger noch: elkenien moat deis 6 liter wetter besparje.
© ANP Foto
Neffens Vitens wiene de drûge simmers fan de ôfrûne jierren gjin ynsidint, mar moatte we der oan wenne. Vitens komt dêrom mei in nije duorsumheidsstrategy.
"Denk steeds goed na wanneer je de kraan aanzet en wat je ermee doet. Het is bijvoorbeeld in de zomer beter om de slang bij de plantjes te leggen en niet de tuin te gaan besproeien in de volle zon. Je kunt ook het regenwater opvangen in een regenton en dat gebruiken," seit Jelle Hannema fan Vitens.

'Slimme meter'

Om minsken mei te krijen yn dit plan siket Vitens aktyf kontakt mei de klanten. "We willen slimme meters introduceren zodat we per adres het verbruik kunnen zien." Der rint al in pilot yn Ljouwert, as it ferbrûk ôfwykt, kinne se mei de klant sjen hoe't dat komt. "Vroeger was het; we leveren, nu willen we vanuit het gebruik met de klant nadenken hoe we kunnen helpen met zorgvuldig watergebruik."
Yn de ôfrûne fiif jier is it gebrûk mei tsien prosint tanaam, dat komt troch it waar mar ek troch de gearstalling fan de befolking. "We moeten als waterbedrijf wel water kunnen blijven leveren."

Lânbou

Yn de strategy stean punten foar Vitens sels, mar ek in soad punten foar hûshâldens en bedriuwen. Want net allinnich hûshâldens brûke in soad wetter, dat jildt bygelyks ek foar boeren. Ek dêr wol Vitens ek mei oan de slach. Boeren steane der faak lykwols net om te springen om de bedriuwsfiering oan te passen, dat lústeret dan ek hiel nau.
Neffens him moat it wetterskip mear wetter fêsthâlde, langer it peil ferheegje. "Dat betekent misschien later het land op, of andere teelt. We moeten er met elkaar voor zorgen dat er voldoende water in de sloten blijft en dat het grondwaterpeil voldoende is, is dat ook in het voordeel van de landbouw."
Jelle Hannema fan Vitens