Gertjan Verbeek: "Ik vind Siem de Jong niet een logische keuze"

07 des 2020 - 16:49

Nei in wedstriid mei twa gesichten ha Hearrenfean en PSV snein de punten ferdield. We prate der yn de Sportcast oer mei âld-Hearrenfeancoach Gertjan Verbeek. Fierder ha we it oer Cambuur, dat middenyn de titelrace sit en dat wylst it spul wat minder wurdt. En we belje mei assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra oer de hektyske slotfaze by Hearrenfean.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen. Dêr fynst ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

Syn boek waard ferline wike presintearre, mar mei Verbeek is der altyd wat te bepraten. We sjogge werom op Hearrenfean-PSV, hy is kritysk oer de komst fan Siem de Jong en hy praat oer syn ambysjes om direkteur fan Hearrenfean te wurden.

Hearrenfean hat himsels bestellen

"De tweede helft kwam Heerenveen goed terug. Dat kwam natuurlijk ook door de omzettingen van PSV, maar ook met de houding van Heerenveen. Die gooiden alle schroom van zich af. Eigenlijk hebben ze zichzelf bestolen." Sa begjint Verbeek oer de wedstriid fan Hearrenfean ôfrûne snein tsjin PSV.

Verbeek is loovjend oer de rol fan trainer Johnny Jansen by Hearrenfean. "Heel knap wat hij doet. In de voorbereiding heeft-ie alles verloren en in de laatste week komen er twee, drie spelers bij en nu pakt het heel goed uit. Ze hebben heel weinig wisselingen. Hij komt volgens mij wel in de problemen als er blessures en schorsingen komen. Het is bij tijd en wijle ook leuk om naar te kijken. Het is reactievoetbal, vanuit de verdedigende organisatie, maar daar hebben ze ook de spelers voor. Ze spelen naar de kwaliteiten van het team."

Hy is posityf oer it team, mar ek kritysk. "Ze hebben een goede as, maar aan de buitenkant is het dunnetjes. Niet zo denderend. Als je aansluiting wilt vinden aan het linkerrijtje, en dat hebben ze nu, dan vind ik Floranus en Woudenberg erg matig."

"Siem de Jong is een gokje"

Ferline wike luts Hearrenfean Siem de Jong oan. Hy slút yn de winterstop oan. Verbeek: "Als je kijkt naar data, wat hij de laatste vier jaar gepresteerd heeft, dan is zijn komst niet heel logisch. Ik hoop voor Heerenveen en voor Siem dat hij fit blijft."

Arjen de Boer makket de fergeliking mei de komst fan Paul Bosvelt. "Se hoopje dat Siem krekt as Bosvelt rûtine bringt en in bytsje deselde rol spylje kin." Verbeek: "Maar Bosvelt heeft de laatste vier jaar voordat hij naar ons kwam wel veel gespeeld. Het is een risico. Als je in vier jaar tijd zo weinig speelt. Zelfs in Australië, daar ben ik zelf coach geweest, was hij niet altijd zeker van een basisplaats. Het is misschien een gokje, dat kan ook goed uitpakken natuurlijk."

De direksje-ambysjes fan Verbeek

Verbeek skoot it net ûnder stuollen of banken: hy wol noch wolris wat op direksjenivo dwaan en it leafst by Hearrenfean. "Ik denk dat ik gepokt en gemazeld ben in de voetballerij en als je me dan naar mijn ambitie vraagt, dan wil ik graag nog wel eens wat doen voor Heerenveen. De ambitie om trainer te worden is niet zo groot. Ik zeg niet dat ik het niet doe, maar Johnny hoeft niet bang te zijn voor zijn plekje." Verbeek soe graach bestjoerlik wat dwaan, of wat yn projekten: "Om een topsportcultuur te maken. Dan laat je ook wat achter. Dat is wat ik wel ambieer."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)