NOM krijt flinke tafaller troch ferkeap yn belang Catawiki

07 des 2020 - 16:20

De NOM (Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij) krijt jild út de ferkeap fan it belang yn Catawiki, it online feilinghûs út Assen. En dat rint aardich op no't Catawiki in ynvestearring fan 150 miljoen euro binnenhelle hat.

Foto: nom.nl

It giet om jild fan it Growth Opportunities Fund fan ynvestearringsmaatskippij Permira. It ferkeapplatfoarm hopet dat mear minsken gebrûk meitsje sille fan de tsjinsten fan it online feilinghûs. Catawiki bestiet sûnt 2008. Sammelers koene har dwaande hâlde mei stripboeken en postsegels keapje en ferkeapje. Ein 2011 waard de earste feiling hâlden, wêrnei't it bedriuw 5 jier lang mei 300 prosint groeide.

De NOM hat fan it begjin ôf ynvestearre yn Catawiki. "We hebben nog met de oprichters aan de keukentafel gezeten", seit direkteur Dina Boonstra fan de NOM. Se ynvestearren doedestiids om't se it in fernijend platfoarm fûnen. De NOM hie in belang fan krekt ûnder de 10 prosint yn Catawiki. "Deze nieuwe investering van Permira is voor ons het moment om eruit te stappen. We zijn een ontwikkelingsmaatschappij en onze rol was nu uitgespeeld. Met het geld dat de aandelen opleveren kunnen we andere start-ups helpen. Het is mooi om te laten zien dat het kan om een start-up uit Noord-Nederland te laten uitgroeien tot een wereldspeler."

De NOM makket net bekend om watfoar bedrach it giet.

Dina Boonstra fan de NOM

Trefwurden: 
stipe NOM Catawiki
(Advertinsje)
(Advertinsje)