Fûgelgryp yn Sint-Anne, 21.000 piken romme

07 des 2020 - 15:56

By in pikebedriuw yn Sint-Anne is fûgelgryp fêststeld. Om fersprieding fan it firus foar te kommen, wurde alle 21.000 piken op it bedriuw romme.

Piken - Foto: Shutterstock.com

Binnen trije kilometer fan it besmette bedriuw yn Sint-Anne lizze gjin oare plomfeebedriuwen. Yn de sône fan tsien kilometer lizze wol trettjin oare plomfeebedriuwen. Der jildt in ferfiersferbod yn dy sône fan 10 kilometer. Dat ferbod jildt foar plomfee, aaien, plomfeedong, mar ek op oare bisten en bisten dy't komme fan bedriuwen mei fûgels.

Fierder jilde ek noch lanlike maatregels, lykas in ophokplicht foar kommersjeel holden plomfee.

Net it earste bedriuw

Earder waarden al 90.000 piken romme by in bedriuw yn Wytmarsum, ek fanwege de fûgelgryp. En flak oer de provinsjegrins mei Grinslân, yn Lutjegast, binne 48.000 hinnen ôfmakke.

Trefwurden: 
Sint-Anne Fûgelgryp plomfee
(Advertinsje)
(Advertinsje)