Jongfryske Mienskip ropt Fryske FvD-leden op: wurkje gear foar Fryske belang

07 des 2020 - 14:58

It bestjoer fan de Jongfryske Mienskip ropt de Fryske leden fan Forum voor Democratie op om tegearre mei har te gean foar it Fryske belang. De Fryske Forumfraksje bepaalt tiisdei oft se wol of net binnen de partij bliuwe no't Thierry Baudet freed wer ta lieder fan de partij keazen is.

Foto: ANP

Earder hienen de Fryske leden oanjûn net fierder te wollen mei FvD as Baudet wer keazen waard.

De Jongfryske Mienskip skriuwt yn in brief: "Wat jim ek kieze en hoe't jim ek fierder sille, it is oan jim om no in ferstannige kar te meitsjen. Wy kinne skouder oan skouder foar Fryslân gean. Wy hoopje dat jimme ek de foardielen fan ús Fryske striid sjogge en mei ús oan it Fryske belang yn de Fryslannen, Europa, de wrâld (en ek Nederlân) wurkje wolle."

(Advertinsje)
(Advertinsje)