René Hooghiemster hâldt op mei hurdfytsen: "Kin my no better op oare dingen rjochtsje"

08 des 2020 - 06:47

Hurdfytser René Hooghiemster hâldt der nei dit seizoen mei op. Dat skriuwt de Snitser op syn Facebookside. Troch in slim ûngelok begjin dit jier op Mallorca koe hy it hiele jier net yn aksje komme foar syn ploech, de Dútske continentalploech Team P&S Metaltechnyk.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

By in trainingsrit op 8 jannewaris klapte hy yn in ôfdaling op in auto. Hy bruts syn rêch, syn nekke, ferskate ribben en syn heupe. Hy hie twa slachierbliedingen en moast knokke foar syn libben. Acht operaasjes fierder sit Hooghiemster yntusken wol wer op de fyts, mar oan it profesjoneel fytsen komt no in ein. "Fytse is itjinge dêr't ik in soad wille úthelje, dus ik bin bliid dat ik dat wol wer dwaan kin", fertelt Hooghiemster.

Syn refalidaasjeproses rjochtet him benammen op syn rjochterfoet, dy't ferbrizele waard by it ûngelok. "Hy is dêrtroch fjouwer sintimeter koarter as dy foarhinne wie en der is in protte spierkrêftferlies. We binne noch hieltyd dwaande om better te refalidearjen."

Risiko's te grut

Dat is ek de reden wêrom't de hurdfytser besletten hat de wedstriidfyts oan de kant te setten. "De risiko's binne te grut om yn in wedstriidpeloton fytsen te gean. Los fan dat de foet minder krêft hat, ha ik ek allegear plaatmateriaal yn 'e rêch. As ik no wer falle soe, wurde dat hiel kwetsbere plakken", leit Hooghiemster út. "It is hiel ûnferstannich om dat te dwaan, ik kin my better op oare dingen rjochtsje no."

In maklik beslút wie it lykwols net. "Sûnt ik jong wie, ha ik altyd dwaande west mei topsport. It is altyd in ferfelend momint om dêrmei op te hâlden. Ik hie it leaver oars ôfsletten." De skills dy't Hooghiemster de ôfrûne jierren opdie yn it topsporten, moast er no op in hiele oare wize ynsette, fertelt er. "Eltse kear moatst dysels wer doelen stelle en besykje better te wurden. Je moatte je lichem wer kompleet opnij opbouwe."

"Tankber"

Hooghiemster sjocht mei grutskens werom op syn karriêre. "Ik fûn it de ôfrûne jierren ek hiel moai om de jongere jonges te coachen. Ik bin hiel tankber foar de mominten dy't ik hân ha op de fyts." De hurdfytser hat op it stuit in gearwurking rinnen mei fytskleanmerk Kalas. "Wat dat oanbelanget, hoech ik net yn in swart gat te fallen."

René Hooghiemtser

(Advertinsje)
(Advertinsje)