Mysterieuze monolyt al wer fuort: "Gelokkich ha wy de foto's noch"

07 des 2020 - 13:52

De mysterieuze monolyt, dy't snein fûn waard yn in natoergebiet krekt bûten Aldhoarne, is wer fuort. It stielen bouwurk wie goed trije meter heech en stie op in plak, dat net maklik te berikken wie. Net ien hat sjoen wannear't en hoe't de monolyt dêr delset wie. En ek fan it fuortheljen binne gjin spoaren fûn. "Miskien binne it dan dochs wol aliens."

Mysterieuze monolyt al wer fuort

Ek de finer, Thijs de Jong, snapt der neat fan. "Ik wist eins net iens wat in monolyt is, doe't ik it bouwurk hjir snein tsjinkaam. It wie in hege pilaar fan in sintimeter as 30 breed en dan 3 meter heech. Hy seach der hiel kreas út." De Jong sette it bouwurk op de foto en stjoerde dy nei Omrop Fryslân. Mar noch foardat elkenien goed en wol op 'e hichte wie fan dit bûtenierdske teken, wie er ek al wer fuort. "Ik tink dat se it ding justernacht wer fuorthelle ha."

"Helaas, geen 'monopolyt' te zien"

It bliuwt nuver dat der hielendal gjin spoaren te sjen binne. Soene it dan dochs aliens wêze? "It soe kinne", seit De Jong. "Der sit mear tusken himel en ierde. Dus wa wit binne it aliens." Dat tochten mear minsken, want it wie snein en moandei drok yn Aldhoarne. Ien fan de besikers is Henk: "Helaas, geen 'monopolyt' te vinden. Ik had het wel leuk gevonden om hem te zien. Maar hij is al weer weg."

"Gelokkich ha wy de foto's noch"

De eigeners fan it natoergebiet binne bliid dat it bouwurk wer fuort is. Se wienen benaud dat de natoer skea oprint troch alle minsken dy't nei it plak takomme. Finer Thijs de Jong is realistysk. "Wy kinne der no allinnich noch mar oer prate en gelokkich ha wy de foto's noch."

Foto: Thijs de Jong

Thijs de Jong fûn de monolyt

Net inkeld yn Fryslân dûkte de monolyt op, ek yn de Feriene Steaten en Roemenië. Neffens petrolooch Wim van Westrenen kloppet de namme monolyt net, sa sei er by de NOS. "Een monoliet is namelijk een stuk steen dat door de natuur is gevormd. En dat is dit niet."

Under ufologen wurdt der praat oer bûtenierdsk libben. Ufolooch Taede Smedes begrypt wol dat der ynteresse is foar de pylders. "Zo'n monoliet groeit niet aan een boom, dat moet door iemand gemaakt zijn. En is het dan aards of buitenaards? Dat mysterie wekt interesse op."

Neffens guon soe it te krijen mei de film 2001_ A Space Odyssey út 1968, of is it in marketingstunt of lânskipskeunst.

Trefwurden: 
Aldhoarne monolyt
(Advertinsje)
(Advertinsje)