Yrritaasje oer trage beslútfoarming Lelyline: "Wat mij betreft besluiten we vandaag"

07 des 2020 - 17:56

Der mei wol wat mear tempo komme yn de beslútfoarming oer de Lelyline, de spoarferbining tusken de Rânestêd en it Noarden. Dêrfoar pleitet SP-Twadde Keamerlid Cem Laçin moandei yn it jierlikse oerlis oer ynfrastruktuer, romte en transport (MIRT). Dêryn wurdt ôfpraat wêr't yn Nederlân wol en net ynvestearre wurdt yn autodiken en spoarwegen.

Cem Laçin (SP)

Yn de stikken stiet dat it Ryk foarearst gjin jild foar de Lelyline hat, mar dat der earst in 'verdiepend vervolgonderzoek' komme moat nei in bettere spoarferbining tusken it noarden en de Rânestêd. Dat soe de Lelyline wêze kinne, mar ek de opsje om it besteande spoar te ferbetterjen leit noch op tafel. It ûndersyk moat ein takom jier klear wêze. Sicht op in budzjet foar de Lelyline is der net, seit steatssekretaris Stientje van Veldhoven.

Mear tempo

Wat Laçin oanbelanget duorret it allegear fierstente lang. Hy wol wat mear tempo. "Dat geldt voor een hoop zaken, maar zeker voor de Lelylijn. Die is essentieel als je kijkt naar de opgaves waar we voor staan, zoals woningbouw en betere verbindingen met het Noorden."

Wat mij betreft besluiten we vandaag al dat de Lelylijn er komt.

Twadde Keamerlid Cem Laçin (SP)

Laçin stelde de ferbining twa jier lyn al oan de oarder yn Den Haag. "Toen was het te vroeg en wilde men kijken naar een hoogwaardige busverbinding. Nu zijn gelukkig meerdere partijen zo ver dat de Lelylijn een volwaardig alternatief is." Mei de ferkiezingen op komst ha in soad partijen de Lelyline yn it programma stean. "Wat mij betreft besluiten we vandaag al dat de Lelylijn er komt. en anders in de formatie", seit Laçin.

VVD wachtet op partijkongres

It stiet wol op de politike aginda. Yn it oerlis moandei wie al in feninich debat tusken de VVD en CDA. It VVD-Twadde Keamerlid Erik Ziengs, út Drinte, neamde de Lelyline net en dat fûn syn CDA-kollega Mustafa Amhaouch frjemd. Ziengs sei dat syn partij stapke foar stapke oan it opskowen wie en net langer dwers lizze soe, mar dat it lêste wurd oan it partijkongres is, dat dêr sneon oer stimme sil.

Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Onno Falkena oer de Lelyline

Amhaouch fynt dat der gau in 'deltaplan' foar it Noarden komme moat mei de Lelyline as sintraal ûnderdiel. "De vier noordelijke provincies, Friesland, Groningen, Drenthe en Flevoland, moeten samenwerken en met een inhoudelijk programma komen waarin woningbouw, en bereikbaarheid via de Lelylijn, maar ook wonen en werken naar de toekomst mogelijk wordt gemaakt", seit er.

Mustafa Amhaouch (CDA)

Dat plan moat der neffens him gau komme. "In het voorjaar moeten de contouren van het plan er al zijn." Hy is optimistysk oer it plan en mocht syn partij wer yn de regearing komme is de kâns grut dat it yn it regearakkoart komt. "Het gaat erom, hoe positioneren we het noorden naar de toekomst, de kosten en baten daarbij moeten we bekijken vanuit Den Haag."

Yn it oerlis steane gjin oare Fryske projekten, al waard troch Wytske Postma (CDA) noch wol oppenearre om de Skarster Rienbrêge yn de A6 by it grutte ûnderhâld yn 2024 te ferfangen troch in akwadukt.

Steatssekretaris Stientje van Veldhoven

(Advertinsje)
(Advertinsje)