Akkoart oer mokselfiskerij op it Waad; mokselsied opfange mei 'ynfangynstallaasje'

07 des 2020 - 12:59

De ûntwikkeling fan nije skulpebanken yn it westlike Waad krijt wer in nije kâns, no't der in akkoart leit oer de takomst fan de mokselfiskerij op dat part fan de Waadsee. Der is twa jier lang ûnderhannele tusken Siuwske mokselfiskers en natuerbeskermers ûnder lieding fan âld-minister Hans Alders. Der leit no de ôfspraak dat yn 2029 al it mokselsied opfiske wurdt mei saneamde 'mokselsied-ynfang-ynstallaasjes' (MZI's).

Definityf akkoart oer mokselfiskerij op it Waad

By sa'n mokselsied-ynfang-ynstallaasjes hechtsje jonge moksels harren oan bygelyks touwurk dat yn it wetter hinget. Op dit stuit wurdt sa'n 70 prosint fan de jonge moksels noch fan de Waadboaiem ôffiske en dat sit de ûntwikkeling fan skulpebanken yn it paad, seit Arjen Kok fan Natuurmonumenten dy't mei út namme fan de Waadferiening en Fûgelbeskerming praat. "Elk jier wurdt de boaiem sa wer leechhelle en dat is net goed foar de ûntwikkeling fan it ûnderwetterlibben. Wy witte fan dit soarte fan skulpebanken yn de eastlike Waadsee dat sy in hiel soad fretten opsmite en it is ek in skûlplak foar fisken."

Op dat eastlike Waad binne mokselfiskers net aktyf. Sa't it no giet wurdt mokselsied útsiedde op spesjale kweekperselen yn it westlike Waad. Dêrnei giet it nei Seelân dêr't sy fierder geskikt makke wurde foar konsumpsje.

In mokselfisker by in kontrôle op de Waadsee - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Eierlandse Gat

Yn 2008 is al in mokselkonvenant sletten wêrby't de ôfspraak wie dat dit jier al it mokselsied troch dy mokselsied-ynfang-ynstallaasjes fongen wurde moast. Der binne no trije fazen ôfpraat, wêrby't earst de helte fan al it sied sa fongen wurdt, dan 65 prosint en úteinlik de folle 100 prosint. Gelyk dêrmei oprinnend wurde gebieten foar de tradisjonele mokselsiedfiskerij ôfsluten.

In mokselfangynstallaasje by Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It oantal mokselsied-ynfang-ynstallaasjes moat wol flink omheech en dy moatte ek in plak krije. Dy plakken binne noch net definityf fêststeld. Wol is al dúdlik dat it Eierlandse Gat tusken Flylân en Teksel net ynrjochte wurdt as plak foar mokselsiedfiskerij of de kweek fan moksels. Dat wie in grutte winsk fan de natuerorganisaasjes dy't dat seegat behâlde wolle foar de natuer.

Mooglik ek nei de Noardsee

De fraach is ek oft de mokselkweek op de mokselperselen op it Waad hâldber is. De natuerorganisaasjes sjogge it dochs as in soarte fan lânbou, mar dan ûnder wetter op de boaiem yn it Waadsysteem. Dêrom komme der 'pilots' om te sjen oft je ek moksels kweke kinne los fan dy boaiem. Dêrby is ek de Noardsee yn byld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)