Direkteur AquaZoo: "De verwarming een paar graden lager? Dat vindt de krokodil niet fijn"

07 des 2020 - 12:30

Hoewol't bistetún AquaZoo yn Ljouwert om tsien oere moarns pas iepen giet, is direkteur Jeroen Loomeijer al foar acht oere op kantoar. En wylst de earste bisten harren iten krije, tinkt hy nochris oan it ôfrûne jier. "Het is een bijzonder zwaar jaar geweest voor AquaZoo. We zijn in totaal drie maanden dicht geweest, en hebben nog steeds te maken met allerlei maatregelen. In totaal lopen we 45.000 bezoekers achter op wat we gehoopt hadden voor dit jaar."

Foto: AquaZoo Leeuwarden

De coronakrisis is dus ek foar it park in flinke finansjele strop. "Bij ons lopen de kosten gewoon door. We kunnen bijvoorbeeld niet even de verwarming een paar graden naar beneden doen om kosten te besparen, want dat vindt de krokodil niet fijn. De dierenarts moet ook gewoon komen, de dieren eten ook niet minder tijdens een pandemie. En de mestcontainer zit ook elke dag gewoon weer vol. Het is voor ons dus echt een zwaar jaar geweest."

Romte foar axolotls

Dochs is Loomeijer noch alle dagen bliid dat hy yn de bistetún oan it wurk mei. "Het blijft een bijzondere omgeving, elke dag is anders. Het ene moment loop je achter een pinguïn aan die aan de verkeerde kant van het hek is beland, het andere moment beslis je over een groot, nieuw project. Zo zijn we nu onze vissengrot aan het verbouwen."

Harkje nei direkteur Jeroen Loomeijer fan Aqua Zoo

Nei de ferbouwing sil it ferhaal fan in bysûndere salamander sintraal stean. "Hier komen zogenaamde axolotls. Dat zijn salamanders die niet zijn doorontwikkeld. Die blijven hun hele leven onder water. Ernaast komt een salamandersoort die zich wel heeft doorontwikkeld en wel op land leeft. Dat vinden we een mooi verhaal, dat willen we vertellen."

Waadbelibbingssintrum

In oar ferhaal dat Loomeijer graach fertelle wol is dat fan it Waad. Dat wurdt dien yn in spesjale romte, dy't foar it grutste part noch ynrjochte wurde moat. Dêr komt it guod te stean fan it Waadbelibbingssintrum De Noordhoren, dat ferline wike fan Holwert nei Ljouwert brocht is.

Direkteur Jeroen Loomeijer oer de ferhuzing fan it Waadbelibbingssintrum: 

"Het was een grote droom van ons om meer met de lokale natuur te doen. We willen hier het verhaal van het Wad vertellen, het verhaal van de dieren die er leven. Maar we kijken ook naar de gevaren voor de Waddenzee, zoals klimaatverandering, temperatuursverandering en zoutwinning. Dat heeft natuurlijk allemaal invloed op het leven in het gebied."

Op dit stuit stean der al twa grutte bakken yn de romte. It giet dan om in slikbak, dêr't eb en floed yn neidien wurdt, en in see-akwarium fan seis meter lang en twa meter breed. AquaZoo hopet it ferhaal fan it Waad begjin takom jier ek fertelle te kinnen oan it publyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)