Eigener fersmoarge bosk by Ketlik docht oanjefte tsjin de plysje

Marko de Vries, eigener fan it stik fersmoarge bosk by Ketlik, docht oanjefte tsjin de plysje. De Vries kocht trije jier lyn it stik grûn om der boartersplak fan te meitsjen foar bern mei in beheining. Mar al gau die bliken dat de grûn slim fersmoarge wie, omdat de plysje it bosk jierrenlang brûkt hie as sjitbaan. Oeral lizze kûgels en de grûn sit fol lead. De plysje seit lykwols net ferantwurdlik te wêzen. De Vries docht no oanjefte by en tsjin de plysje. "Ik bin finansjeel en mentaal hielendal fernield troch dizze saak."
Eigener fersmoarge bosk by Ketlik docht oanjefte tsjin de plysje
Al trije jier wrakselet Marko de Vries mei de fraach wa't ferantwurdlik is foar it skjinmeitsjen fan in stik bosk yn Ketlyk. Hy kocht de grûn fan de plysje. Offisjeel soe de grûn sanearre wêze, mar al rap fûn De Vries allerhanne kûgels yn it bosk. Ek sit de grûn fol lead. Boppedat hat de plysje der yn de rin fan de jierren sa'n 20 deade plysjehûnen begroeven. Dêrom mei De Vries der perfoarst gjin boartersplak foar bern fan meitsje. En no sit hy dus mei in stik grûn dêr't er neat mei kin.

Fjochtsje tsjin de bierkaai

De plysje en ek de gemeente jouwe net thús seit De Vries. Neffens him ferskûlet de plysje him achter it ferhaal dat der nei de plysje noch in sjitferiening it terrein brûkt hat. De gemeente hie dat net talitte mocht.
In wurdfierder fan de gemeente jout dat yn in reaksje ta, mar seit dat der noait klachten west ha. De gemeente wist ek net dat der in sjitferiening aktyf wie. Neffens de wurdfierder is besocht om De Vries yn de saak te helpen, mar spilet de gemeente fierder gjin rol yn 'e kwetsje mei de plysje.
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De plysje seit yn in skriftlike reaksje dat it terrein yn it ferline oan De Vries ferkocht is mei in natuerbestimming. "Het is verkocht aan meneer met de bestemming natuur. Zo heeft meneer het kunnen kopen, maar dat hij daarna een andere bestemming aan de grond wil geven dan natuur of zoals in de akte vermeld houtopstand. Daar kan de politie niet voor in staan. Het risico daarvan ligt bij de koper die een wijziging van de bestemming wil realiseren. Als meneer hier andere gedachten over heeft en van mening is dat hij aangifte wil doen tegen de politie dan is dat zijn goed recht.

Bûter op 'e holle

Neffens De Vries hat de plysje bûter op 'e holle. Se wisten wol dat it de bedoeling wie dat der bern boartsje soenen. "Ik fjochtsje al trije jier tsjin de bierkaai. Der is gjin partij dy't de skouders derûnder sette wol. Al dy tiid koe ik gjin jild fertsjinje mei myn bedriuw. Myn houlik is op 'e klippen rûn en ik sit finansjeel oan de grûn. Ik moat rûnkomme fan in útkearing."
Myn houlik is op 'e klippen rûn en ik sit finansjeel oan de grûn.
Marko de Vries

13 miljoen opromkosten

Yntusken wurde de kosten fan it skjinmeitsjen fan it terrein rûsd op 13 miljoen euro. De grutte fraach is wa't dat betelje sil. De Vries is oer ien ding wis: hy net. "Ik ha de ôfrûne jierren hiel faak tocht: ha ik it no sels ferkeard dien. Mar der leit no sa folle bewiis op tafel dat sjen lit dat it myn skuld net is. Ik ha altyd goed west. It hat net oan my lein."

Media ynskeakele

Om't de eigener yn de ôfrûne fiif jier noch gjin stek fierder kaam is, hat er de media ynskeakele. It telefyzjeprogramma De Monitor fan de KRO hat him yn de saak ferdjippe en komt moandeitejûn mei in útstjoering oer de fersmoarge bosk. En ek it online magazine Follow the Money is yn de matearje dûkt. "Op basis fan alle feiten dy't beide programma's boppe wetter helle ha, ha ik it beslút naam om oanjefte te dwaan by de miljeuplysje foar 'fersmoarging fan de natuer'."

Tets om de earen

En no is it ôfwachtsjen wat der bart. Ofhinklik fan it ferfolch kin it noch hiel lang duorje oant it probleem oplost is. De Vries hopet dat der gjin rjochtsaak komme sil, mar dat alle partijen meiïnoar om tafel gean om de saak te bepraten. "Wy moatte inoar rjocht yn de eagen sjen en miskien in tets om de earen jaan. En dan sizze: okee, hoe sille wy no fierder?"

Grutte ferliezer

Wat de útslach ek is: De Vries is de grutte ferliezer. "Ik bin mentaal en finansjeel folslein yn de fernieling rekke. Ik wie in skoftke it paad folslein bjuster. Gelokkich ha ik goeie freonen dy't my helpe. Mar de skea is gigantysk. Noch los fan de opromkosten."
Marko de Vries, eigener fan de grûn

De Monitor

It tv-programma 'De Monitor' jout moandeitejûn omtinken oan de kwestje. 'De Monitor' is om 22.20 oere te sjen op NPO 2.