Stoffesaak Jan Sikkes nei 35 jier út Ljouwerter binnenstêd ferhuze

Stoffe-en gerdinesaak Jan Sikkes is nei goed 35 jier fan de Ljouwerter Nijstêd ferhuze nei de Emmakade yn de stêd. De eigener socht nei in plak dêr't besikers mear de romte, hielendal no mei de oardelmeterekonomy, hawwe en it tal besikers yn de binnenstêd rûn de lêste jierren werom.
© Sikkes
"Onze locatie aan de Nieuwestad was voor onze klanten niet heel praktisch. Ze moesten met de zware gordijnen een eind door de stad sjouwen, dat past niet meer bij deze tijd", seit direkteur Jan Sikkes.
Fanwegen corona kinne se de iepening op it nije plak net grut fiere.
Jan Sikkes is de grutste stoffewinkel yn Nederlân. Der binne 10 winkels, yn Fryslân, Grinslân, Drinte, Oerisel, Utrecht, Gelderlân en Noard-Hollân.