Boargemaster Buma slút Ljouwerter wenning mei himpkwekerij foar trije moannen

Yn Ljouwert is in wenning oan de Verzetsstraat sluten foar trije moannen. Op grûn fan de Opiumwet hat boargemaster Buma dat dwaan litten.
© Shutterstock.com (Dmytro Tyshchenko)
Yn it hûs fûn de plysje begjin oktober in himpkwekerij mei 130 planten en in himpstekkerij mei 1.185 stekken. Ek binne relatearre saken as lampen oantroffen.
It is de 34ste wenning dit jier dy't sluten wurdt.