Ballen en ljochtsjes yn krystbeam is âlde Dútske tradysje

07 des 2020 - 10:58

Yn har winkel mei brocante yn Grou ferkeapet Meike Nienhuis krystballen út de jierren 1950 en 1960. Mar wêrom ha we eins in krystbeam en hingje we der allerhanne ballen, fûgeltsjes, ingeltsjes yn?

Foto: Pexels.com

It is in âlde tradysje, dy't neffens Nienhuis yn Dútslân begûn is. "In het midden van de negentiende eeuw haalde men omgehakte bomen naar binnen en ging men er allerlei spullen uit de natuur in hangen, zoals dennenappels, walnoten en ook eetbare dingen." Sa hellen se de maitiid wat yn 'e hûs. En om wat ljocht yn de tsjustere dagen te bringen, kamen der ek ljochtsjes yn. "Eerst echte kaarsen natuurlijk."

It waard sa populêr dat yn Thüringen de saken dy't yn de beam kamen fan glês neimakke waarden.

Vintage

Se fernimt dat der in soad fraach is nei de âlderwetske krystballen. "Die hebben meer uitstraling, er is een hang naar de jaren vijftig, vintage noemen ze dat. Dat is populair, ook onder de jeugd. We willen terug naar de tijd van overgrootmoeder, die gezelligheid." De kleuren fan doe binne waarmer yn tsjinstelling ta de faak hurde kleuren fan de plestik ballen fan no.

It wurdt wol dreger om dat âlde guod noch te finen. Sels is se fjirtich jier lyn al begûn te sammeljen.

HEA! makke yn 2015 dizze reportaazje:

Trefwurden: 
krystbeam
(Advertinsje)
(Advertinsje)