Bestjoerder wykt út foar bist en botst op beam

07 des 2020 - 10:27

Oan de Poostwei by Beetstersweach is sneintejûn in auto tsjin in beam botst. De bestjoerder moast útwike foar in bist en rekke dêrtroch de macht oer it stjoer kwyt. In froulike ynsittende moast mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs.

Foto: SRFotografie

De auto rekke slim skansearre en is troch in berger fuorthelle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)