Wenningbrân yn Drachten troch elektryske tekken

In elektryske tekken wie yn de nacht fan snein op moandei de oarsaak fan in wenningbrân yn de Theo van Doesburgstrjitte yn Drachten. Troch de brân yn de tekken, fleach ek in matras yn de brân. De bewenster koe it matras sels nei bûten ta smite. De brânwacht koe it brânende matras rap útmeitsje en de wenning fentilearje.
© SRFotografie
Om't der by de brân in soad reek frij kaam, is de bewenster troch meiwurkers fan de ambulânse kontrolearre. Se rekke net ferwûne. Stichting Salvage sil de skea yn it hûs fierder regelje.