Zeinstra flagget yn Madrid by beslissend Champions League-duel

07 des 2020 - 10:06

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra út Dronryp stiet woansdei lâns de line by it Champions League-duel tusken Real Madrid en Borussia Mönchengladbach. De striid yn de pûl fan dy twa teams leit noch hielendal iepen. Zeinstra heart by de ploech fan skiedsrjochter Björn Kuipers.

Erwin Zeinstra - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn pûl B giet Borussia Mönchengladbach oan de lieding mei 8 punten. Dêrnei komme Sjachtar Donetsk en Real Madrid, mei elk 7 punten. Lêste stiet Internazionale mei 5 punten, ek sy meitsje noch kâns om te oerwinterjen. Woansdei is de lêste wedstriid yn de pûlfaze. De winner fan Real Madrid - Borussia Mönchengladbach is wis fan de folgjende ronde.

De wedstriid yn Spanje begjint woansdei om 21.00 oere yn it Estadio Alfredo di Stéfano, it stadion op it trainingskompleks fan Real Madrid. It grutte stadion Estadio Santiago Bernabéu wurdt ferboud.

(Advertinsje)
(Advertinsje)