Liveblog | 7 desimber 2020

Coronanijs fan 7 desimber: #coronavirus meast brûkte hashtag | Gjin ferromming maatregels

Dit is it liveblog fan moandei 7 desimber mei it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Lêst bywurke: 7 desimber 2020, 21:51
21:45

Ein fan dit liveblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dit liveblog fan moandei 7 desimber. Tank foar it folgjen. Moarn is der wer in nij liveblog.
21:41

#coronavirus meast brûkte hashtag fan 2020

Nederlânske twitteraars ha it ôfrûne jier benammen skreaun oer it #coronavirus en de protesten fan #blacklivesmatter. It binne de meast brûkte hashtags van 2020. Fierder ha minsken in soad tweet oer elke #persconferentie over de coronamaatregelen. Oare faak neamde ûnderwerpen wiene dit jier de Amerikaanske presidint #trump en de #lockdown om coronabesmettingen te voorkomen. Yn oare lannen gie it oer deselde ûnderwerpen. De meast brûkte hashtags wrâldwiid binne: #coronavirus, #covid19, #blacklivesmatter en #stayhome.
Nei de meast likete tweet fan Nederlân fan de Formule 1-koereur Max Verstappen op 5 july oer it net op de knibbel gean by it folksliet fan Eastenryk (67.000 likes) kaam it berjocht fan de Fryske shorttrackster Suzanne Schulting (@suzanschulting) oer it ferstjerren fan teamgenoate Lara van Ruijven (goed 15.000 likes). "Jij zei ooit tegen mij, in de heatbox, voor de start van mijn EK relay finale debuut, dat het wel goed zou komen. Dit zei ik 2 weken geleden ook tegen jou. Maar het is niet goed gekomen. Ik ga je zo verschrikkelijk missen lieve Laar. Ik hou van je", skreau Schulting.
Ferpleechkundige @DonRoelofsen krige goed 14.000 likes mei in tweet wêryn't hy dielnimmers oan de coronaprotestaksje #IkDoeNietMeerMee útnûge op de intensive care. Oan dy protestaksje die ûnder oaren de Fryske sjonger en akteur Tim Douwsma mei. Hy sei letter dat de hashtag net goed keazen wie.
21:11

Merenloop 2021 by Grou giet net troch

De Merenloop fan 2021 by Grou giet net troch fanwegen it coronafirus. Dat meldt de organisaasje op Facebook. It hurdrin- en kuierevenemint oer twa dagen stie foar maart op de planning. De organisaasjekommisje hopet dat de edysje fan 2022 wol wer trochgean kin.
18:03

Undersyk nei gefolgen by bern

It Emma Kindersikehûs Amsterdam UMC sil ûndersyk dwaan nei de gefolgen fan corona op de lange termyn foar bern. Dat docht it sikehûs mei 47 berne-ôfdielingen fan oare sikehûzen troch it lân.
"Bij volwassenen is er al veel bekend, bij kinderen minder. Waarschijnlijk is het vooruitzicht van de kinderen goed, maar zeker is dat niet", seit ûndersykslieder Caroline Brackel fan Amsterdam UMC.
Ien fan de redenen om it ûndersyk te dwaan is omdat bernelongdokters faak gjin goed antwurd ha op fragen fan âlden oer hoe't it fierder gean sil mei it bern.
17:19

D66: mear fysyk ûnderwiis

Learlingen en studinten op it mbû, hbû en de universiteit moatte mear fysyk ûnderwiis krije kinne. Dêrfoar pleitet de Twadde Keamerfraksje fan D66, dy't ferskate maatregels foarstelt om ûnder oare de oardel meter op de ynstellingen los te litten.
Sa wol de partij bygelyks mûlkapkes en spatskermen yn de kolleezjesealen. En as studinten oan de doar in negative sneltest dwaan kinne, hoege se har ek net oan de ôfstânsregels te hâlden. Under oare de Erasmus Universiteit wol dêrmei eksperimintearje.
Omdat foar sawat in miljoen studinten no hast alle dagen itselde binne, ha in soad studinten lêst fan psychyske klachten. Ien op de seis hat yntusken profesjonele help nedich fanwege depresje of iensumens. "Het thuiszitten is extra zwaar als je alleen woont in een nieuwe stad", seit D66-Keamerlid Jan Paternotte. "Laten we daarom kijken wat op een veilige manier kan."
© ANP
16:59

Maatregels net ferromme

De skoallen geane mei de feestdagen gewoan twa wiken ticht, en net langer. It kabinet tocht deroan om skoallen nei de krystfakânsje in wike langer ticht te hâlden, mar insiders yn Den Haag sizze dat it kabinet dêr no fan ôfsjocht.
Guon adviseurs sjogge in langere fakânsje as opsje yn de striid tsjin corona. Se kamen mei dat idee om't de hjerstfakânsje in geustich effekt hie op it tal besmettingen, dat nei de fakânsje nei ûnderen gong.
Fierder is it sa goed as útsletten dat der foar de krystdagen noch ferrommingen komme. It kabinet fertelt moarn op in parsekonferinsje wat de kommende wiken wol en net mei, mar mei de lêste besmettingssifers fynt it kabinet it net goed om de maatregels te ferromjen.