Pippi-oersetter Martsje de Jong: "Folle mear berneboeken fertsjinje in Fryske oersetting"

De Fryske Pippi Langkous is rôversguod. De earste printinge fan tûzen eksimplaren fan it ferneamde boek fan Astrid Lindgren yn it Frysk wie yn in omsjoch fuort. De twadde printinge fan de Afûk-útjefte is ûnderweis. Oersetter Martsje de Jong hat de smaak te pakken: "Folle mear berneboeken fertsjinje in Fryske oersetting."
Oersetter Martsje de Jong © Omrop Fryslân
It súkses fan de Fryske Pippi ynspirearret útjouwers en oersetters om te wurkjen oan mear oersettings út de wrâldliteratuer yn it Frysk. Anne Popkema fan útjouwerij Regaad pleitet der foar om in folle grutter ferskaat oan boeken yn it Frysk oer te setten, sadat it oanbod oan Fryske boeken breder en nijsgjirriger wurdt foar bern én folwoeksenen. "It oanbod yn it Frysk is no fierstente beheind. As bern yn it Frysk net fine wat se sykje, dan sjogge se gau fierder op de Nederlânske boekeplanke. It oanbod moat dêrom breder."
Earder wie Omrop Fryslân by it oerlangjen fan de earste Fryske Pippi:
Eksimplaar Fryske Pippi Langkous oerlange
Oersetter Martsje de Jong en útjouwer Anne Popkema

In Fryske Mathilda

Oersetter Martsje de Jong fan de Fryske Pippi is tige motivearre om dêrmei oan de slach te gean. "Bern moatte de wichtige titels út de wrâldliteratuer yn harren eigen taal lêze kinne." De Jong is sels graach ree om dêr in bydrage oan te leverjen. Titels dy't se yn it Frysk mist binne bygelyks Mathilda fan Roald Dahl en 'Levende bezems' fan Lisa Tetzner. De Jong is op it stuit al dwaande mei it oersetten fan in Kanadeesk berneboek yn it Frysk.

Jeugd-Obe-priis

De sjuery fan de Obe Postmapriis kaam koartlyn mei de oanbefelling om ek in 'jeugd-Obe' yn it libben te roppen foar de bêste oersetting fan in berneboek yn it Frysk. Fan Anne Popkema mei soks der komme. Hy is fan betinken dat ek oersetters in poadium fertsjinje, omdat it wurk fan oersetters faak achter de skermen bliuwt. Martsje de Jong krijt wol omtinken foar har oersetting fan Pippi Langkous. It is sels safolle dat se har der wat ûngemaklik ûnder fielt. "It is it ferhaal fan Astrid Lindgren. Ik bin de oersetter, net mear en net minder."
Anne Popkema fan útjouwerij Regaad © Omrop Fryslân