Kollum: "Top 2000"

07 des 2020 - 08:18

"It is krekt as mei Harry Potter, fuotbal of it Keningshûs: de Top 2000; je binne fan of je binne it net. Ik bin fan. En it is hast wer safier. Lekker yn 'e auto ûnderweis fan de iene nei de oare krystfiering, meisjonge mei de radio.

Foto: Janneke de Haan

De Toan fan Janneke de Haan

"Allemaal van die ouwelullenmuziek", fersuchtet myn freon dan. Mar lit dat no krekt myn muzyk wêze! Oant ferfelens ta trouwens foar him. Hy is mear fan Rammstein. In âlde hippy neamt hy my, as Jefferson Airplane of The Doors wer ris troch it hûs te hearren is. Hoe't dat komt? Hiel ienfâldich: troch ús mem.

Ik ken ús mem eins net oars as dat se sjongt. Al hast 50 jier by it Grouster koar, mar ek ûnder de dûs, yn 'e keuken of op it húske. Faak keihurd mei de radio mei. Hits út 'e sixties: The Animals, The Small Faces, of har Hollânske idoal Ramses Shaffy, dêr't se stikem fereale op wie.

Us mem wie hippy. As ik troch de âlde fotoboeken blêdzje, sjoch ik kleurige tuniken, lang slûk hier en kekke minyrokken. Mem is altyd in bytsje hippy bleaun. Ek doe't de sixties al lang foarby wiene. Hoewol't har lange blonde hierren ynruile binne foar earst in reade en letter in grize kleur, is de muzyk bleaun. En binne wy der thús allegear mei "besmet".

Ik wit noch goed, eartiids thús de radio oan. Procol Harum mei it nûmer 'A whiter shade of pale'. Dan raasde mem it út en rôp se: "Goud van oud!" Heit waard de keuken út helle en der moast dûnse wurde. Steppen neamden se dat. In dûns dy't allinne heit en mem begrepen.

Of dy kear yn 'e auto. Ik wie in jier as fiif. Doe't op wei nei in fakânsje-adres, de auto oant de nok ynpakt, 'Hey Jude' út 'e boksen spatte. De radio gong lûder en myn mem sette yn: "Hey Jude, don't make it bad." Se draaide har om en begûn de achterbank te dirigearjen. Earst de maklike kandidaten: myn suster en ik, dy't krekt as mem altyd wol sjonge woene. "Take a sad song and make it better".

En dêrnei kearde se har ta de minder entûsjaste sjongers: myn broer en it freontsje dat mei wie. Ik wit noch dat se beide, it freontsje mei syn lege bromstim, wifeljend begongen te sjongen. Mar tsjin de tiid dat we by it refrein kamen, song eltsenien út folle boarst mei. Sels myn heit, dy't noait gjin wize hâlde koe. "Na na na nanananaaaaa!" De auto skodde deroer en oare autoriders seagen nijsgjirrich efterom.

Mem hâldt it meast fan The Beatles. En yn novimber 2019 tôgen myn mem, broer, suster en ik nei Carré foar The Analogues, dy't it hiele 'White Album' fan The Beatles spylje soene. Fan A oant Z ha we alles meisongen. Mem it hurdst fansels! Nei de show dûnse se, as wie se wer in 16-jierrich famke, Carré út en raasde se: "Wannear spylje se wer?!"

Dit jier stie it wer op de planning. Mar corona jage, krekt as mei safolle saken, de boel yn 'e bulten. Gjin Analogues, gjin famylje-hippy-útstapke nei Carré. Mem har dûnsskuon bliuwe yn 'e kast dit jier.

Mar, sa siet ik te tinken, wol in Top 2000! Dy't by ús heit en mem fansels oanstiet. Oant hjoed kinst noch stimme. Wat no as jimme spesjaal foar ús mem allegear even stimme op 'Hey Jude'? Dat soe wat wêze!

Dan foarsis ik net folle goeds foar harren buorlju. Want de radio giet hurder as hurd, mem skuort heit út syn stoel en tegearre dûnsje se de hiele keamer rûn."

(Advertinsje)
(Advertinsje)