Gjin frijwilligerspriis dit jier, wol folop omtinken foar frijwilligerswurk

07 des 2020 - 07:12

Moandei 7 desimber is de Dei fan de Frijwilliger. Gewoanwei rikt frijwilligers-organisaasje Amaryllis yn Ljouwert de HERO58-priis út oan jongeren oant en mei 27 jier, dy't harren ynsette om de gemeente Ljouwert wat moaier te meitsjen. Allinnich is mei dizze corona-tiid ek foar frijwilligers alles oars as oars. De útrikking fan de sjuery- en publykspriis is dêrom skrast. Mar dochs set Amaryllis frijwilligers yn it sintsje, seit Marischa Oosterbos fan Amaryllis.

Âldereinsoarch - Foto: Shutterstock.com

Gjin grut feest dit jier fanwegen it coronafirus. Dochs wol Amaryllis seker wol stilstean by de Dei fan de Frijwilliger. "Fia social media en yn ferskate kranten jouwe wy dêr hjoed omtinken oan", fertelt Marischa Oosterbos. "Juster wie der in drive thru, dêr't frijwilligers in kadootsje ophelje koenen. Se wurde seker net ferjitten."

Oosterbos fernimt dat in soad frijwilligers mei kreative ideeën komme om harren wurk dochs dwaan te kinnen yn coronatiid. Ek wurdt der folop skood, sjocht se. "Wy fernimme dat in soad fersoargingshûzen op dit stuit minder frijwilligers oannimme. Dizze minsken gean earne oars oan it wurk, omdat se dochs de hannen út de mouwen stekke wolle."

Foar takom jier wol Oosterbos de skea fan dit jier ynhelje. "Wy ha der foar keazen om takom jier wer in spetterend feest te jaan."

Marischa Oosterbos fan Amyrillis

Foto: Amaryllis
(Advertinsje)
(Advertinsje)