Nij nasjonaal rekôr foar bline swimster Liesette Bruinsma net genôch foar paralympysk startbewiis

06 des 2020 - 22:17

De Fryske paralympyer Liesette Bruinsma hat in nij nasjonaal rekôr swommen op de 100 meter rêchslach. Op it kwalifikaasjetoernoai yn Rotterdam waard se earste op de 100 meter rêchslach. It wie lykwols net genôch foar in paralympysk startbewiis.

Foto: www.orange-pictures.nl

Bruinsma is blyn. Se swom de 100 meter yn in tiid fan 1:22.91. Dat wie net fluch genôch foar in paralympysk ticket. Se hie in tiid nedich fan 1:21.35. De 100 meter rêchslach is de iennige ôfstân dêr't se har noch net op kwalifisearre hat. Yn 2021 krijt se dêr in nije kâns foar.

De oare Fryske swimmers wisten net te ymponearjen op de slotdei fan it toernoai. Marrit Steenbergen waard tsiende op de 100 meter rêchslach, yn in tiid fan 1:04.11. En Silke Huisman swom op de 200 meter wikselslach nei in seisde plak, yn in tiid fan 2:23.04.

Steenbergen pakte in dei earder wol in Olympysk ticket mei de estafetteploech, al koe se dat sels mar dreech leauwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)