Dennis Veenker begjint bobseizoen mei 15e plak op Europa Cup yn Dútslân

06 des 2020 - 20:54

Dennis Veenker fan Damwâld is mei piloat Ivo de Bruin einige op it 15e plak by de Europa Cup bobslydzjen yn Dútslân. It is de earste wedstriid fan it nije bobslydseizoen dêr't Veenker oan meidocht mei it Nederlânske team.

Foto: IBSF

Veenker sels fûn it in teloarstellende útslach, sei er nei ôfrin. Hy hie wat lêst fan syn foet. Ien dei earder gong piloat Ivo de Bruin nei ûnderen mei Janko Franjic. Dat gong better. Mei Franjic kaam De Bruin út op in njoggende plak. It tiidsferskil mei de ritten fan Veenker: 59 hûndertste fan in sekonde.

Foar in plak yn de twamansbob konkurrearret Veenker mei Franjic. Sneon by de earste ôfdaling mocht Franjic it sjen litte, snein wie Veenker oan bar. "Se sjogge nei de start, wa't better is", sei Veenker foarôfgeand oan de wedstriid. "Sa wurdt bepaald wa't de wrâldbekers starte mei. Dus it is in belangryk wykein foar my."

Kommend wykein binne der wer wedstriden, dan foar de wrâldbeker. Dy binne yn Eastenryk. It is noch net dúdlik oft Veenker of Franjic dan achter De Bruin plaknimme sil.

Trefwurden: 
Dennis Veenker bobslydzjen
(Advertinsje)
(Advertinsje)