Teloarstelling by SC Hearrenfean: "Dit is gewoon kut"

06 des 2020 - 20:41

Mei 2-2 lykspylje tsjin PSV: hokker ploech soe der net foar tekenje? Dochs soarge de 2-2 einstân sneintejûn foar djippe teloarstelling by de spilers en trainer fan SC Hearrenfean. Der hie mear ynsitten, wie it oardiel. "Dit was echt zo'n moment geweest dat je jezelf enorm had kunnen belonen", konkludearre trainer Johnny Jansen nei ôfrin.

Henk Veerman

De earste helte wie dúdlik yn it foardiel fan PSV. Yn de twadde helte wie Hearrenfean de bettere ploech, en PSV gjin skym fan de ploech fan de earste helte. Hearrenfean spile brutaal, dominant en drukte de besikers werom harren eigen helte op. "Op basis van de tweede helft vind ik dat we hadden moeten winnen", konkludearre trainer Johnny Jansen nei ôfrin fan de wedstriid. "Ik ben nog steeds enorm teleurgesteld. Morgen zal ik zeggen: We hebben heel veel dingen goed gedaan, maar nu baal ik gewoon."

Trainer Jansen baalde benammen fan de lykmakker yn de slotfaze. "De goal die we tegenkrijgen, de 2-2, komt uit een counter van PSV, die we hadden moeten voorkomen. Als verdediging moet je dan een overtreding durven maken, geel pakken, maar in ieder geval zorgen dat we die counter eruit halen. Als je hier drie punten pakt, omdat je als verdediger een professionele overtreding maakt, dan ga je op schouders door de kleedkamer. Die stap moeten we gewoon nog maken."

Veerman baalt fan slotfaze

Oanfaller Henk Veerman baalde benammen fan it slotmomint wêryn't syn ploech in strafskop krige, dy't troch syn tadwaan lykwols net trochgong. Veerman stie bûtenspul. "Je gaat lopen op een vrije trap. Als ze vervolgens met meerdere keepers in de 16 meter gaan liggen, wordt het lastig natuurlijk." Dêrmei doelde Veerman op PSV-spiler Ibrahim Sangaré, dy't hands makke yn it strafskopgebiet.

Mitchell van Bergen

Efkes like it der op of soe Hearrenfean in strafskop krije, mar dy gong net troch om't Veerman dus bûtenspul stie. "Het is zuur dat het dan buitenspel is. Overall is mijn gevoel over deze wedstriid 'kut'. Deze punten mag je niet meer weggeven in blessuretijd thuis tegen PSV."

Johnny Jansen

(Advertinsje)
(Advertinsje)