SC Hearrenfean fergriemt foarsprong tsjin dominant PSV: 2-2

06 des 2020 - 18:45

SC Hearrenfean hat yn eigen hûs in punt oerholden oan de striid tsjin PSV. Yn in kranksinnige slotfaze skoarde PSV pas de lykmakker. Even tochten de Friezen dat se dêrnei noch in strafskop krije soene. Dy krigen se net. Einstân: 2-2.

Foto: www.orange-pictures.nl

Harkje nei de reaksje fan trainer Johnny Jansen

De earste helte wie dúdlik yn it foardiel fan PSV. Mei in yndrukwekkend persintaazje balbesit fan 22-78 koe Hearrenfean net echt yndruk meitsje. Dochs wie de earste kâns yn de twadde minút foar Henk Veerman, mar syn skot waard keard troch Yvon Mvogo. Dêrnei wiene der kânsen oan beide kanten.

Ibrahim Sangaré skeat op Mulder, in counter fan Hearrenfean fia Joey Veerman en Mitchell van Bergen waard net ôfmakke troch Henk Veerman, en Olivier Boscagli skeat artistyk de bal op goal, mar Mulder kearde.

PSV fertsjinne de foarsprong trochdat Mario Götze in stekbal fan Cody Gakpo efter Mulder stifte.

Hearrenfean waard better

Yn de twadde helte wie Hearrenfean de bettere ploech. PSV wie gjin skim mear fan de ploech út de earste helte. Hearrenfean spile brutaal, en drukte de besikers werom de eigen helte op.

It resultearre yn de lykmakker fan Henk Veerman, dy't ien op ien rêstich bleaun. Dêrnei setten de Feansters troch. Mitchell van Bergen, dy't it hiele seizoen noch gjin doelpunt makke hie, skeat nei in goede aksje de bal stienhurd foarby Mvogo. Sa tekene hy foar de 2-1.

Alle fantasy te boppe

De slotfaze dy't folge gie alle fantasy te boppe. Joey Veerman miste in grutte kans op 3-1, en dêrnei skeat PSV fia Joël Piroe de lykmakker binnen.

Hearrenfean krige krekt nei de ôftraap in frije traap. De bal kaam yn it strafskopgebiet, waard ôfslein, mar opfongen troch Rodney Kongolo. Dy skeat op goal, mar Sangaré stuts de hân út en foarkaam sa in goal. Read dus, en in strafskop, mar de VAR seach dat Henk Veerman bútenspul stie, en de reade kaart ferdwûn. De strafskop kaam der ek net. It bleaun 2-2.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal PSV
(Advertinsje)
(Advertinsje)