Sherida Spitse kampioen fan Noarwegen nei doelpunt en assist yn beslissingswedstriid

06 des 2020 - 17:42

Sherida Spitse is kampioen fan Noarwegen wurden mei har ploech Vålerenga IF. De 30-jierrige Friezinne skoarde ien kear en se joech in assist. Har ploech wûn de wedstriid mei 4-0 fan Arna-Bjørnar Fotball.

Foto: ANP

Troch de winst van Vålerenga koenen efterfolgers Rosenborg BK en Avaldsnes de ploech fan Spitse-en-dy net mear ynhelje.

Spitse woe graach werom nei Nederlân te fuotbaljen, om't se har frou en bern net langer misse koe. De ôfstân tusken Noarwegen en Nederlân bliek te grut. Yn jannewaris slút Spitse oan by de seleksje fan it frouljusalvetal fan Ajax.

(Advertinsje)
(Advertinsje)