Knegt wint foar it earst sûnt ûngelok mei houtkachel, Schulting en De Laat pakke Europeesk ticket

06 des 2020 - 20:19

Foar it earst sûnt er by in ûngelok mei in houtkachel blessearre rekke, hat Sjinkie Knegt wer in wedstriid wûn. Op de Invitation Cup yn Thialf op it Hearrenfean wûn de 31-jierrige Fries de 1.000 meter fan Vladislav Bykanov (út Israël) en Daan Breeuwsma.

Knegt wint foar it earst sûnt ûngelok mei houtkachel, Schulting en De Laat pakke Europeesk ticket

Kengt rekke begjin foarich jier yn it sikehûs, neidat der wat misgien wie mei it oanstekken fan in houtkachel. Hy hat mear as in jier net op it iis stien. Yn febrewaris fan dit jier makke hy syn rentree. Doe wûn er de B-finale op de 1500 meter. Omrop Fryslân siet by syn famylje op de tribune.

Foto: www.orangepictures.nl

It earste plak op de 1000 meter yn Thialf wie noch net genôch foar de winst fan it toernoai. Dy gong nei Suzanne Schulting en Itzhak de Laat. Dêrmei hawwe dy beide Fryske riders in ticket te pakken foar it Europeesk kampioenskip.

Nei 291 dagen sûnder wedstriden wie de Invitation Cup it earste ynternasjonale shorttracktoernoai fan it seizoen. Der dogge ek riders mei út België, Frankryk en Israël.

Suzanne Schulting wie in klasse apart op de 1500 meter. Se ried oertsjûgjend fuort by de konkurrinsje. Sa revansearre se har foar in diskwalifikaasje op de 500 meter. Yn in bocht fleach se mei Selma Poutsma de kessens yn. It smiet Schulting in diskwalifikaasje op. De 1000 meter wist se wol wer te winnen.

By de mannen gong de winst nei Itzhak de Laat. Dy waard twadde op de 1500 en de 500 meter, en fjirde op de 1000 meter.

Kommend wykein ride de shorttrackers yn Hearrenfean it NK ôfstannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)