FIDEO: 'Oardelmetersesje' fan Fryske top 100 yn 100-jierrich Woudagemaal

Omdat de Fryske artysten fanwege de coronaregels mar dreech optrede kinne, hat Omrop Fryslân se yn oanrin nei de Fryske top 100 útnûge yn it Woudagemaal. Yn de moanne desimber stiet op snein alle wiken ien artyst sintraal.
Yn de earste útstjoering spilet Iris Kroes ûnder oare har hit 'Surrounded by water'.
De artysten spylje yn it Woudagemaal net allinne in eigen hit, mar ek in tip foar de top 100. Mei presintator Willem de Vries prate se oer wat dit jier mei harren dien hat.
De Fryske top 100 en it 100-jierrich bestean fan it grutste stoomgemaal dat ea boud is, komme sa geweldich by elkoar.
De Fryske top 100 is op âldjiersdei op radio, telefyzje en online te folgen. De útstjoering begjint om seis oere moarns en duorret oant seis oere jûns. Stimme kin oant en mei Twadde Krystdei op www.frysketop100.nl.