136 nije besmettingen yn Fryslân, seis minder as sneon, lanlik rint tal op

06 des 2020 - 14:28

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 136 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne seis minder as sneon. It trochsneed oer de ôfrûne sân dagen giet wol mei fjouwer omheech. Lanlik binne der 6.814 nije coronabesmettingen konstatearre. Dat is mear as sneon, want doe waarden der 6.572 besmettingen fêststeld.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn Súdwest-Fryslân (43). Dêrnei komt de gemeente Noardeast-Fryslân mei 21 besmettingen. Yn Fryslân is it ôfrûne etmiel ien persoan stoarn oan corona, yn de gemeente Hearrenfean. Der binne twa nije sikehûsopnames meld, yn Achtkarspelen en yn Noardeast-Fryslân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)