Mysterieus monolyt-achtich objekt no ek yn Fryslân by Aldhoarne

Nei Amearika en Roemenië liket de mysterieuze monolyt no ek opdûkt te wêzen yn Fryslân. Kuierders seagen it objekt sneintemoarn stean yn natuergebiet de Kiekenberg by Aldhoarne. Hoe't it dêr krekt bedarre is, is net bekend. Der binne gjin fuotstappen te sjen by de pilaar.
© ProNews Producties
It objekt by Aldhoarne liket ynearsten net glânzjend te wêzen, lykas de monoliten yn Amearika en Roemenië. Thijs de Jong wie te kuierjen seach it ding yn de greide by Aldhoarne stean. "It wie in grut metalen glimmend ding. It stiet yn in stikje greide. Ik rûn der hinne, mar der wie neat te sjen. Krekt as wie er der fan boppenôf delsetten. Hy is der seker mei twa minsken of mear hinne tild. Ik ha foto's makke en direkt Omrop Fryslân belle. Dan stean wy ek ris yn de picture yn Fryslân."

Nijjiersstunt?

Mooglik giet it om in stunt fan in âldjiersferiening. Thijs de Jong: "Dat soe kinne, mar ik tink it eins net. Hjir yn Aldhoarne ha wy gjin âldjiersploech. Ik tink mear oan in soarte fan keunstnerskollektyf, dat soks docht. Mar der stiet gjin namme by of neat. Ik ha trouwens heard dat er justerjûn al wer fuort wie."
Kuierder Thijs de Jong