Fryske froulju roeie nonstop Atlantyske Oseaan oer: 2 oeren op, 2 oeren ôf

06 des 2020 - 10:37

Se sille 5000 kilometer roeie en dat oan ien stik troch. De fjouwer froulju fan The Atlantic Dutchesses gean dy útdaging oan. Trije fan harren komme út Fryslân: Iris Noordzij út Raerd, Melissa Vooren út Goaiïngaryp en âld-Penjumer Renate de Backere. Marieke le Duc-Bouwense út Seelân is de iennige net-Fries yn it team.

Fryske froulju roeie nonstop Atlantyske Oseaan oer

Oan de swierste roeirace fan de wrâld (Atlantic Challenge) dogge 21 boaten mei. Op 12 desimber gean de trossen los. It team Atlantic Dutchesses is der klear foar. Yn de Queen of Hearts sa't harren 'sloep' hjit moatte se it seker fjirtich dagen mei-inoar úthâlde en inoar dertrochhinne slepe.

Sloeproeiers mei ûnderfining

It idee begûn yn 2018. De froulju binne allegear sloeproeiers. Se hawwe ferskate kearen de HT-race tusken Harns en Skylge dien. Se wiene ta oan in gruttere útdaging. Mar foardat it safier wie, moast der hiel wat barre. In team by-inoar krije falt noch net ta. De measte minsken doarre sa'n útdaging net oan. Mar úteinlik slagge it fjouwer froulju by-inoar te krijen.

Doe moast der noch in boat komme. Se tochten oan hieren, mar der kaam in sponsor dy't syn fiat joech foar in nij te bouwen boat. Dy kaam der: de Queen of Hearts.

Traine traine traine

Dêrnei begûn de tarieding. Moannenlang traine, mar ek personal coaching en mentale trainingen. Op de oseaan hawwe se noch net roeid, mar wol by Ingelân, dêr't se lange tochten makken. Lange duertrainingen op acht fjouwerkante meter om de boat en inoar better kennen te learen, ek yn drege omstannichheden.

Foto: Simone Scheffer

Tariede op sa'n lange tocht is dreech. Eins witte se net presys wat harren te wachtsjen stiet. Bang binne se net. Se fertrouwe folslein opinoar en op de boat. Dy komt altyd wer oerein, hoe heech oft de weagen ek binne. De froulju roeie twa oeren op en twa oeren ôf. Yn de twa oeren skoft moatte se ite, sliepe en oare saken regelje, lykas kommunikaasje en filmje.

Foto: Team Atlantic Dutchesses

De Atlantic Dutchesses roeie foar in goed doel. Se wolle op syn minst 10.000 euro ophelje foar de Stichting Hart voor Vrouwen. Dy stichting wol mear ûndersyk nei hert- en iersykten by froulju.

Ek sportyf hawwe se in doel: as earste Nederlânske frouljusteam ea oankomme op it eilân Antigua yn it Karibysk gebiet En as it waar in bytsje meisit, wolle se besykje in wrâldrekôr te festigjen. Dat sil wol dreech wurde, omdat dat in sterk rekôr is. Mar se binne derfan oertsjûge dat se it helje sille.

De start is op 12 desimber op it Spaanske Kanaryske eilân La Gomera. Oankomst op Antigua yn it Karibysk gebiet: ûnbekend.

The Atlantic Dutchesses binne te folgjen op Facebook.

(Advertinsje)
(Advertinsje)