FIDEO: Tsjerketsjinst by Omrop Fryslân

Omrop Fryslân stjoert sneins live tsjerketsjinsten út. Der is opnij in soad fraach nei online-tsjinsten, om't der mei de coronamaatregels minder minsken fysyk yn tsjerke sitte kinne. Omrop Fryslân hat fan it maitiid ek tsjinten útstjoerd, doe't dy hast allegear ferfoelen yn ferbân mei it coronafirus. De tsjinst fan snein is no werom te sjen en komt út de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei, mei as foargonger dûmny Ruth Peetoom. Organist is Jochem Schuurman en de sjongers binne Iris Kroes en Twan van der Wolde.
Klik hjir foar de liturgy fan de tsjinst.