PODCAST Boekekast #5: 'Lost in Translation', in ferhaal fan Jetske Bilker

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen hearst yn de podcast Boekekast fan 'Boeken fan Fryslân' en Omrop Fryslân. Acht Fryske skriuwers ha spesjaal in ferhaal skreaun. Yn de fiifde ôflevering is it ferhaal 'Lost in translation' fan Jetske Bilker te hearren. Karen Bies praat ek mei de skriuwster. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Nynke Heeg.
Op it sollisitaasjepetear die bliken dat it om in oare baan gie. Dêr siet ik, yn myn moaie jurk en mei in earstegraadsfoech foar Frysk. Mar myn diploma's leinen by Frits.
'Wat sikest krekt yn 'e berne-opfang?' frege de jonge frou mei de reade hynstesturt. Ik wíe al oerkwalifisearre, mar dit senario hie my yn myn sliepeleaze nachten noch net wekker hâlden.
Ut it ferhaal 'Lost in Translation' fan Jetske Bilker.
© Omrop Fryslân

Jetske Bilker

Jetske Bilker (1960) is skriuwer, oersetter, resinsint en se jout kursussen kreatyf skriuwen. Se wie fuort entûsjast om in ferhaal foar de podcast te skriuwen, om't se sels ek graach nei podcasts harket. "Ik ha der by it skriuwen wol rekken mei hâlden dat it gronologysk wêze moatst want de harker kin net as yn in boek weromblêdzje." It ferhaal giet oer in oersetter, dy't mei in baan yn de berne-opfang begjint om't har man har út hûs set hat en se jild fertsjinje moat. Sels wurket Bilker ek yn de opfang. "Mar it is net wier bard hear. As skriuwer bin ik altyd dwaande mei senario's, hoe soe it ôfrinne as.... En dêr dan in ferhaal fan meitsje mei in djippere laach."
Har nijste boek Spegel en sonde ferskynt meikoarten. It giet oer in toskedokterassistinte dy't har baan kwytrekket en dan rekket alles yn de hobbel. "Yn myn skriuwen sitte altyd wol yngrediïnten út myn eigen libben, mar it is net ien op ien oernaam."
De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân,City of Literature en Omrop Fryslân. Acht wiken lang wurdt sneons in nij ferhaal publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapp en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.