Jonges freegje om foto, mar stelle muzykspiler op Skrâns yn Ljouwert

Op de Skrâns yn Ljouwert is yn de nacht fan sneon op snein in persoan berôve troch twa jonges. It foarfal barde om ien oere hinne.
© Ben de Jager, Omrop Fryslân
It slachtoffer waard oansprutsen troch de twa fertochten. Se seine dat se graach in foto mei it slachtoffer meitsje woene, mei syn muzykspiler, in JBL Box. It slachtoffer woe dat net, wêrop't de jonges de spiler ôfpakten en fuortfytsten. It soe gean om twa jonges fan ûngefear 17 jier. De plysje siket noch nei tsjûgen.