Lûdsoerlêst Ljouwert, arrestaasjes nei mislediging plysje

06 des 2020 - 08:37

Twa ynwenners fan Ljouwert binne sneontenacht arrestearre nei in melding oer lûdsoerlêst. De plysje krige om tweintich oer twaen de melding en sette ôf nei de Essenstrjitte.

Foto: Shutterstock.com / mstanley

Dêr oankaam wiene in tal besikers op it adres lilk dat de plysje kommen wie en se misledigen de aginten. Dêrop binne in 18-jierrige frou en in 16-jierrige jonge oppakt. Se binne allebeide ynsletten op it plysjeburo.

(Advertinsje)
(Advertinsje)