Kâns op glêdens, struiweinen op 'en paad

06 des 2020 - 07:37

Op de gruttere Fryske diken is yn de nacht fan sneon op snein struid mei it each op mooglike glêdens. De temperatueren sakken nei om it friespunt hinne en struien is dan needsaaklik om ûngelokken foar te kommen. De weinen dienen harren wurk op de A31, de A32, de A7 en de N31 (de Wâldwei).

Foto: De Vries Media

Rykswettersteat stjoerde de struiweinen op 'en paad op de dyk fan Ljouwert nei It Hearrenfean en fierder nei Wolvegea, en op de dyk fan Ljouwert nei Drachten (de Wâldwei).

Fierders hawwe de diken Ofslútdyk-Harns-Ljouwert, Ofslútdyk-Snits-It Hearrenfean en It Hearrenfean-Drachten in previntyf sâltlaachje krige.

Trefwurden: 
Rykswettersteat struie
(Advertinsje)
(Advertinsje)