Marrit Steenbergen (20) leaut noch altyd net dat se foar de twadde kear nei de Spelen mei

Se doart it noch net te leauwen, Marrit Steenbergen, dat se foar de twadde kear nei de Olympyske Spelen mei. Mar se mei it echt. Pas neidat de technysk direkteur fan it swimbûn tsjin Omrop Fryslân sei dat har twivels net nedich wiene, wiene se fuort. It sit yn har, om te twiveljen, sei se dêrfoar tsjin ferslachjouwer Andor Faber.
Marrit Steenbergen
Sneon fertsjinne Steenbergen in startbewiis foar de Olympyske Spelen fan Tokio. Op it kwalifikaasjetoernoai yn Rotterdam waard se twadde op de 100 meter frije slach. Allinne Ranomi Kromowidjojo wie rapper.
"In maart had ik nooit verwacht dat ik hier weer zou staan", sei Steenbergen nei ôfrin fan de wedstriid. "Ik heb echt wel mijn twijfels gehad."
Se hat in swiere tiid achter de rêch. Steenbergen hie lêst fan it skouder. Dat wie net allinne by it swimmen in probleem, mar ek op skoalle. Se hie der lêst fan, by it skriuwen. Se helle minne sifers, en thús by har âlders fielde se har ek net goed. Se is út hûs gien, nei in oare skoalle, en nei in oare ploech.
"Dat ik nu hier sta, ben ik heel blij mee, en heel trots op. De twijfels zijn nu een stuk minder groot dan voordat ik op dit niveau zat. Ik kan nog steeds wel heel zenuwachtig zijn, maar ik heb vanmiddag nog even kunnen slapen. Dat betekent wel dat ik er rustig in zit. Ik was wel zenuwachtig, maar niet extreem."
Aanst is se 21, en stiet se foar de twadde kear op de Spelen. "Dat komt niet vaak voor", laket se. It komt stadichoan by har binnen, dat it echt wier is. "Het begon bij het uitzwemmen wel een beetje binnen te komen. Dat ik dacht: 'ik heb mijn ouders nog niet eens gebeld...' Dat ga ik doen!"