Marrit Steenbergen pakt opnij ticket foar Olympyske Spelen

05 des 2020 - 21:12

Marrit Steenbergen is wis fan in startbewiis op de Olympyske Spelen fan kommende simmer yn Tokio. Op it kwalifikaasjetoernoai yn Rotterdam waard se twadde op de 100 meter frije slach. Allinne Ranomi Kromowidjojo wie rapper. Steenbergen finishte yn 54,29.

Marrit Steenbergen

Yn de foarrondes swom Steenbergen sneon nei 54,18. De fjouwer rapste froulju op de 100 meter frije slach binne wis fan dielname oan de estafetteploech yn Tokio.

Steenbergen har tiid is de op twa nei rapste, efter Kromowidjojo en Femke Heemskerk. Fjouwer jier lyn debutearre de swimster fan Easterwâlde op de Olympyske Spelen. Doe wie se noch mar sechtjin jier âld. Dêrnei hie se mei in behoarlik drege perioade, sawol fysyk as mentaal. "Ik heb best wel diep gezeten", fertelde se yn juny.

Silke Huisman

Op de 100 meter koe Silke Huisman fan Arum gjin potten brekke. Se waard 21ste en finishte yn de C-finale yn in tiid fan 57,41. Mar dochs kin se dêr goed mei libje. Se is pas 17 jier en har kânsen op in olympysk ticket komme noch wol.

"Ik ga er open in en kijken waar het schip strandt. Dit is niet de wedstrijd waar het allemaal moet gebeuren. Dit is wel een beetje bonus, wat dat betreft", fertelt Huisman. Foar har is dizze dei ek net hiel wichtich. De 50 meter frije slach fan tongersdei en de 200 meter wikselslach fan snein binne foar har belangriker.

Silke Huisman

Huisman makke ôfrûne simmer de oerstap fan Fryslân nei de nasjonale seleksje yn Amsterdam. Dêrfoar stie se nei eigen sizzen stil yn har ûntwikkeling en dus is it har doel om werom te kommen op har âlde nivo.

"Dit is de eerste officiële wedstrijd weer. Tot zover gaat het wel redelijk goed. Het is ook een beetje uittesten, omdat de manier van trainen ook anders is."

Liesette Bruinsma

It is foar Liesette Bruinsma in wat nuver toernoai. Fan 'e wike wie it noch mar de fraach oft se meidwaan koe oan dit kwalifikaasjetoernoai. "Ik ha ferline wike in pear dagen yn karantêne sitten, want ik hie mei in coronapasjint yn oanrekking west. Ik ha in pear dagen út it wetter west, dus dat wie net ideaal", sa seit de bline swimster.

Liesette Bruinsma

Sportyf is it ek nuver. Yn har paralympyske klasse binne der seis ôfstannen op de Spelen, mar Bruinsma hat al fiif fan de seis limiten swommen, dy't rjocht jouwe op in startbewiis.

Dochs betsjut dat net dat se dit as trainingswedstriid sjocht. "It is seker net datst it wykein rêstich yn giest. Want do wolst prestearje, ek al hast dy tickets al."

Liesette Bruinsma by de start fan it kwalifikaasjetoernoai - Foto: Orange Pictures

De iennige ôfstân dêr't Bruinsma noch gjin ticket op hat, is de 100 meter rêchslach. Dy is snein. "Mar, dat is noch wol in grutte stap", sa seit Bruinsma, dy't der de lêste wiken wol ekstra mei dwaande west hat. "Dy is ekstra belangryk. Dêr hawwe we de lêste tiid mear omtinken oan bestege. Dat is ek foar de wikselslach in goeie ynvestearring."

Bruinsma is al lang bliid dat se wer swimme mei, nei de ôfrûne coronamoannen. "It is superfet. Echt fantastysk om hjir wer te stean!"

It kwalifikaasjetoernoai duorret noch oant en mei snein. Steenbergen en Bruinsma (paralympysk) dogge snein de 100 meter rêchslach en Huisman de 200 meter wikselslach.

(Advertinsje)
(Advertinsje)