"Ik doch dit jier net oan Sinteklaas, de bern ha my net útnûge"

05 des 2020 - 23:21

Wylst yn Drachten hiel wat minsken ûnderweis binne foar de lêste sinteklaze-ynkeapen, slacht de 81-jierrige frou Fokkema in jier oer. "De bern ha ús net útnûge, fanwege corona. It binne nuvere tiden", seit se. Se fytst alle dagen even nei it sintrum. "Dan ha ik noch ris in praatsje mei ien."

Ferslachjouwer Onno Falkena trof frou Fokkema yn it sintrum fan Drachten.

Gjin Sinteklaas dit jier

"It binne hiele lange dagen", seit Fokkema. Benammen no't it kâlder wurdt, is it swier. "Simmers falt it ta, dan kin ik te fytsen. Mar no is dat oars." Se sjocht út nei de krystdagen. "Dan ha de bern ús wol útnûge."

Undernimmers yn Drachten sjogge dat de goedhillichman oan de measte hûzen net foarby giet. De omset is likernôch itselde as oare jierren. Dat seit Edwin Luiks. Hy hat in kadowinkel yn it sintrum. "Men heeft besloten dat Sint Nicolaas toch is aangekomen, in Drachten."

Sinteklaas giet Drachten net foarby

Yn Drachten hoegden plysjes en boa's net yn te gripen fanwege grutte drokte. Minsken sykje de gesellichheid foaral thús.

Trefwurden: 
Drachten Sinteklaas
(Advertinsje)
(Advertinsje)